Fryske Molukkers sjogge werom op 70 jier famyljeskiednis yn Nederlân

Op 9 april 1951 kamen de earste Molukske húshâldingen nei Fryslân, de earsten nei kamp Oranje yn De Fochtel. Freed is it eksakt 70 jier lyn. Sa'n 13.000 militêren fan it Koninklijk Nederlandsch-Indisch Leger (KNIL) en harren famyljes flechten op tsjinstbefel nei Nederlân. Sy wiene dêr net langer feilich. De Molukske elitesoldaten fochten foar de Nederlânske kroan tsjin de eigen befolking. It ferbliuw soe tydlik wêze, mar it rûn oars.
Trije Molukkers oer 70 jier Molukkers yn Fryslân

De Fochtel, Balk en Reahel-Rotsterhaule

Underwilens groeit de fyfde generaasje Molukkers op yn Nederlân. Yn Fryslân wiene der yn it begjin fjouwer wenplakken foar de Molukske húshâldingen: kamp Oranje en Ybenheer yn De Fochtel, de Wite Peal by Rotsterhaule-Reahel en Wyldemerck yn Balk. Ek krekt oer de Fryske grins yn Nuis krigen Molukkers ûnderdak.
Jacob Matahelemual en Paulona da Lima groeiden dêr op, yn in earder wurkkamp út de Twadde Wrâldoarloch. Letter ferhuzen beide famyljes nei Drachten fanwegen wurk by Philips. Sy wennen yn it doarp mei in pear oare Molukske famyljes.
Jacob Matahelemual en Paulona da Lima © Omrop Fryslân
Wannear't Jacob Matahelemual, dy't no mei syn Fryske frou yn De Rottefalle wennet, begjint te praten oer syn âlden, krijt er fuort in brok yn 'e kiel. "Dy famyljeskiednis is sa muoilik." Foar in soad Nederlanners is it in ûnbekende skiednis.
Matahelemual wie trije jier doe't er mei syn âlden en jongere bruorke nei Nederlân kaam. "Krekt foar't de KNIL-militêren nei Nederlân kamen, waard harren meidield dat se net langer soldaat wienen en it waard ferbean om it KNIL-unifoarm oan te hawwen. Boppedat mochten se hjir net wurkje. Dat die sear."
Ferslachjouwer Froukje Sijtsma praat mei trije Fryske Molukkers
Neffens Da Lima waard der oer dy teloarstelling en it fertriet thús noait praat. "Mar je fielde oan alles dat it der wol wie. Us heit sei letter dat we hjir bliuwe soenen en dat we der hjir mar it bêste fan meitsje moasten."
Joseph Maatita © Omrop Fryslân
De 69-jierrige Joseph Maatita fan Easterwâlde is yn Fryslân berne en groeide op yn in Molukske wenwyk yn it doarp. Noch altyd wenje der in soad Molukkers, wat ek dúdlik wurdt as je troch de wyk rinne: de kleuren fan de Molukske flagge sjogge je yn de boarterstún en mei fjouwer kleuren tape op lantearnepeallen. Hjir en dêr sjochst buordsjes mei 'Maluku' foar de ruten.

Pine yn de genen

"Ik heb een Moluks hart. Ik voel me ook Molukker. Ik heb het goed in Nederland, maar ik voel me hier niet thuis. Nederland heeft de eerste generatie bedonderd. De Molukkers hebben altijd gevochten voor de Nederlandse kroon en toen ze hier kwamen zijn ze ontslagen. Ze zijn bedonderd en hun terugkeer is nooit gerealiseerd en dat doet pijn. Die pijn zit in de genen van alle Molukkers." Maatita wol dat Nederlân, Yndonezië en de Feriene Naasjes regelje dat der 70 jier nei dato in Molukske Republyk realisearre wurdt. "Ik ben niet iemand van opgeven. Ik ga door."
Yn 2011 makke Omrop Fryslân in reportaazje oer it monumint foar opfangkamp de Wite Peal:
Besjoch op Weromrop in dokumintêre út 2001 oer de komst fan Molukkers nei Fryslân.