Nijste trein Arriva klear foar elektryske takomst

08 apr 2021 - 16:49

By eltse stoel in eigen stekker of usb-oansluting, in taffeltsje foar de laptop en in stiltekûpee mei eigen lampkes foar de reizger: it binne in pear fan de noviteiten yn de nijste trein fan ferfiersbedriuw Arriva: de WINK-trein. WINK stiet foar in ynnovative trein dy't maklik oan te passen is.

Arriva rydt fan takom wike ôf mei de meast moderne en effisjinte trein ea

Sa sit der no noch in diselmotor yn, mar kin dy der maklik úthelle wurde en plak meitsje foar in batterij. De trein kin dan ride op trajekten mei in boppelieding. Der binne 18 makke. Dy ride fan moandei ôf op de trajekten fan Arriva. De treinen fan Arriva dy't no ride wurde oanpast en krije deselde ynrjochting en motor as de nijste oanwinst.

Trefwurden: 
Arriva WINK nije trein
(Advertinsje)
(Advertinsje)