Oftellen nei titel Cambuur begjint, mar Henk de Jong wol rêst

08 apr 2021 - 16:12

Sportklup Cambuur makket him op foar de slotfaze fan de kompetysje. Mei noch seis wedstriden te gean ha de Ljouwerters njoggen punten foarsprong op de nûmer twa De Graafschap. Almere City stiet op alve punten efterstân, mar moat de staakte wedstriid tsjin Roda JC noch útfuotbalje. Cambuur stiet der dus riant foar, mar trainer Henk de Jong wol noch net eufoarysk wêze.

De earste helte tsjin Excelsior wie noch striemin, fûn Henk de Jong:

De Jong wiist dêrby nei de earste helte dy't Cambuur moandei spile tsjin Excelsior. Dy wedstriid wûn Cambuur mei 7-2, mar de earste helte wie striemin. Henk de Jong: "Sjoch, we witte presys hoe't we derfoar stean. Mar nei de winst op Volendam wienen wy ûnbewust dochs wat eufoarysk. En dan spylje wy in minne earste helte. Mar we winne mei 7-2 en achterôf hawwe wy miskien wol de bêste wedstriid fan it seizoen spile."

Robert Mühren - Foto: Orange Pictures

De Jong wol de rêst bewarje. "Ja, ik moat rêstich bliuwe. We moatte normaal dwaan en ús net ryk rekkenje. We libje fan wedstriid nei wedstriid. We moatte spylje yn frijheid en ús sels gjin ekstra druk oplizze. Mar fansels hoopje wy de promoasje sa rap mooglik te pakken."

FC Den Bosch is de nûmer lêst fan de earste difyzje, mar fan ûnderskatting is gjin sprake, seit De Jong. "Ik sjoch wat dat oanbelanget net nei de ranglist. Den Bosch is foar ús de folgjende tsjinstanner en dan moatte wy wer skerp wêze."

Druk fan Den Bosch

FC Den Bosch wurdt traind troch âld-Cambuurspiler Jack de Gier. De Gier wie in spits en dus ferwachtet Henk de Jong net dat FC Den Bosch hiel definsyf spylje sil. "Nee, dat tink ik net. Ik ferwachtsje dat sy ek druk op ús sette sille."

Alex Bangura begjint wer yn de basis

Henk de Jong begjint nei alle gedachten mei deselde opstelling as tsjin Excelsior. Dat betsjut dat der ek wer in basisplak is foar linksback Alex Bangura. Hy lit him net gek meitsje as it giet om mooglike promoasje: "We kijken gewoon van wedstrijd tot wedstrijd. Als we vrijdag drie punten pakken, doen we goede zaken. Dat is het belangrijkste. En als onze concurrenten dan punten laten liggen, dan is dat extra goed voor ons."

Als je gewoon zelf de punten haalt, dan is het een kwestie van tijd dat we promoveren.

Alex Bangura

De spilersgroep lit him gjin ekstra druk oplizze no't promoasje tichtby komt. "Ik heb helemaal geen gevoel van extra. We zijn heel relaxed en kijken gewoon van wedstrijd tot wedstrijd. Als je gewoon zelf de punten haalt, dan is het een kwestie van tijd dat we promoveren."

FC Den Bosch - SC Cambuur begjint freedtejûn om 20.00 oere. Omrop Fryslân docht op de radio ferslach fan dy wedstriid yn in ekstra programma. Geert van Tuinen fersoarget it kommentaar.

In dei letter is yn it Cambuur Sjoernaal wiidweidich omtinken foar de wedstriid.

(Advertinsje)
(Advertinsje)