Fertochte fan terreur yn Irak oanholden yn azc fan Sint-Anne

08 apr 2021 - 16:13

De plysje hat yn it asylsikerssintrum fan Sint-Anne in 43-jierrige Syriër oanholden. Hy soe fan 2011 oant 2016 belutsen wêze by terroristyske aksjes fan IS, en oare striidgroepen yn Syrië en Irak. De man ferbliuwt sûnt ein 2019 yn Nederlân.

Foto: Omrop Fryslân, Marlinde van der Woude

De rjochter-kommissaris fan de rjochtbank yn Rotterdam hat de man foar twa wiken fêstset.

Neffens it Iepenbier Ministerje binne der oer de man ferskillende meldingen binnenkaam by de Immigratie- en Naturalisatiedienst (IND), en de plysje. De fertochte soe by in rebellegroep heard ha, dy't him fersette tsjin it rezjym fan presidint Assad fan Syrië. Hy soe ek belutsen west ha by de terroristyske organisaasje Jabhat al-Nusra.

Trefwurden: 
Irak Sint-Anne terreur
(Advertinsje)
(Advertinsje)