'Wetterpoarte moat opknapt'

De Wetterpoarte yn Snits moat takom jier opknapt wurde. Dat fine Feike Damstra fan de Feriening Histoarysk Snits en stedsgids Harm Rozenberg. Benammen de útstalromte boppe de poarte is oan fernijing ta. De Wetterpoarte bestiet kommend jier 400 jier en neffens beide manlju is dat it ideale momint om der mei oan de slach te gean.
Neist de opknapbeurt wurdt der ek neitocht oer tal fan festiviteiten om it jubileum hinne. Sa komt der mooglik in musical en in keunstútstalling.