Aukje de Vries (VVD) stelt Keamerfragen oer Fryske stroomnetproblemen

Yn de Twadde Keamer binne fragen steld nei oanlieding fan berjochtjouwing fan Omrop Fryslân oer problemen op it stroomnet, dat ûnder oaren by Ljouwert en It Hearrenfean problemen opsmyt. De helte fan de huzen fan de Ljouwerter nijbouwyk Middelsee soe bygelyks gjin stroom krije kinne, omdat it stroomnet de fraach net oan kin, no't der hieltyd mear sinnepanielen komme. It Ljouwerter VVD-Twadde Keamerlid Aukje de Vries en har kollega Silvio Erkens fine dat it meinommen wurde moat yn de formaasje fan it nije kabinet.
VVD-Twadde Keamerlid Aukje de Vries © Omrop Fryslân
De Vries wol witte oft it echt sa is dat der te min kapasiteit is foar de bou fan 400 nije huzen by Ljouwert, en ek net foar skoallen, soarchynstellingen, hoareka en it bedriuweterrein Zwette VI.

Fersnelle

De VVD-Keamerleden wolle dat de problemen sa gau as mooglik oplost wurde. Liander, Tennet en gemeente Ljouwert hoopje op de bou fan in tredde ûnderstasjon by it súdwesten fan de stêd, mar dat soe pas yn 2026-2027 klear wêze kinne. Neffens De Vries soe dat fierstente let wêze, sy wol dan ek witte hoe't it proses fersneld wurde kin.
Mei it each op it wenningtekoart soe it net sa wêze meie dat der aanst wol boud wurdt, mar dat it stroomnet in grutte beheining wêze sil. De Vries wol dêrom fan de minister fan Ekonomyske Saken witte wat der dien wurdt oan de problemen.
Twadde Keamerlid Aukje de Vries (VVD)