B. en W. fine stâl foar 1500 bargen by Noardwâlde gjin probleem

08 apr 2021 - 15:54

Boargemaster en wethâlders fan Weststellingwerf binne ree om in fergunning ôf te jaan foar de bou fan in nije bargestâl yn Noardwâlde by in besteande bargehâlder. Yn de stâl is plak foar 1500 bisten. Buertbewenners binne op de komst fan de grutte bargestâl tsjin. Se binne benaud foar stonkerij en leven.

Foto: Peggychoucair, Pixabay

B. en W. sjogge gjin reden om de fergunning net te jaan. In bargeboer dy't no al op it terrein sit, wol in nije bargestâl bouwe. It giet dus om in útwreiding. De nije stâl soe fier genôch fan de huzen fan it doarp ôf stean, neffens de noarmen dy't derfoar jilde. Neffens B. en W. binne der ek gjin oanwizings dat de bargestâl skealik wêze sil foar de folkssûnens. De stâl wurdt boud neffens de nijste snufkes, sizze boargemaster en wethâlders.

De provinsje Fryslan en wolstânskommisje Hûs en Hiem sjogge ek gjin beswieren tsjin de nije stâl.

(Advertinsje)
(Advertinsje)