230 nije coronabesmettingen yn Fryslân yn de ôfrûne 24 oeren

08 apr 2021 - 15:20

Yn de ôfrûne 24 oeren binne der 230 nije coronabesmettingen by kaam yn Fryslân. Dat hat it RIVM bekend makke. It binne der 30 mear as woansdei, doe gie it om 200 nije besmettingen. De ôfrûne wike binne der yn trochsneed alle dagen 219 nije besmettingen by kaam.

It deistige tal besmettingen fan de lêste trije wiken (komt de grafyk net goed yn byld, klik dan hjir):

De measte nije besmettingen binne meld yn de gemeente Súdwest-Fryslân (44). Dêrnei komme Ljouwert (42) en Noardeast-Fryslân (21).

Yn Fryslân binne yn de ôfrûne 24 oeren gjin stjergefallen meld as gefolch fan it coronafirus.

Der wie ien nije sikehûsopname yn ús provinsje, it giet om in ynwenner fan Súdwest-Fryslân.

It tal besmettingen de gemeente (sjochst de kaart net goed, klik dan hjir):

Lanlike sifers

Lanlik binne tongersdei 7.833 nije coronagefallen registrearre. Yn trochsneed wiene it der yn de ôfrûne wike 6.696 deis.

Sjoch foar mear sifers oer it coronafirus op omropfryslan.nl/corona.

Trefwurden: 
RIVM coronafirus besmettingen
(Advertinsje)
(Advertinsje)