Finansjele problemen by froulju SC Hearrenfean: "Paar spannende maanden voor de boeg"

08 apr 2021 - 13:53

De stichting Vrouwenvoetbal Noord-Nederland sit finansjeel yn swier waar. De stichting efter de fuotbalfroulju fan SC Hearrenfean komt tsientûzenen euro's tekoart op de begrutting fan dit jier. Foarnaamste oarsaak is de coronapandemy: ynkomsten bliuwe dêrtroch efter en kosten komme krekt heger te lizzen. "We gaan ervan uit dat we het seizoen kunnen afmaken. Maar, we hebben nog een paar spannende maanden voor de boeg", seit foarsitter Jessica Roosenburg.

Foarsitter Jessica Roosenburg oer hoe heech oft de need op dit stuit is

"De nood is weer hoog", fertelt Roosenburg oer de situaasje. "Liquiditeit is altijd het zwaard van Damocles dat boven de Heerenveen-vrouwen hangt. De stichting bestaat nog maar twee jaar, waarvan we het grootste deel van de tijd in corona zitten. We zijn superkwetsbaar - dat waren we al voor corona, want we hadden geen vet op de botten - maar we zijn nog wel heel strijdbaar."

'Ons kapitaal staat op het veld'

De stichting wurket mei in begrutting dy't boppe de seis ton leit. It finansjele gat is neffens Roosenburg likegrut as 'tweeënhalve maand op de begroting'. Dat de stichting dat bedrach tekoartkomt, is te ferklearjen, seit Roosenburg. "Dat komt ongeveer overeen met wat we hadden bedacht in de lounge in het Abe Lenstra Stadion." Sûnt de simmer fan 2019 hawwe de Feanfroulju de beskikking oer in businesslounge yn it Abe Lenstra Stadion. Dy kin ferhierd wurde en sa kin der jild fertsjinne wurde. Mar trochdat de stadions al in jier leech binne, rint de stichting dy ynkomsten mis.

It grutste part fan de kosten is de klup kwyt oan de spylsters en de technyske stêf. Bestjoersleden en oare frijwilligers fertsjinje neat. "Ons kapitaal staat op het veld, salaris is onze grootste kostenpost." Kinne de spylsters de kommende moannen wol gewoan harren lean krije? Roosenburg: "Dat is al maanden spannend, maar dat is ook al maanden gelukt." En dus ferwachtet de foarsitter dat dat de kommende moannen ek slagje sil.

Wat binne de oarsaken fan de finansjele problemen?

De coronatiid helpt fansels ek net mei. It is dreger om sponsoaren binnen te heljen, fernimt Roosenburg. "We zijn nog maar een jonge stichting. We bestaan nog geen twee jaar. Meer dan een jaar daarvan zitten we in corona met extra kosten, en een onzekere economie. Het is heel lastig om met potentiële partners in gesprek te komen."

Wat ek net helpt, is dat bedriuwen dy't de manlju sponsorje, faak ek tinke dat se sponsor binne fan de froulju. Dat is net sa, om't SC Hearrenfean en de stichting efter it frouljusfuotbal twa ferskate partijen binne. "Daar lopen we wel tegenaan", jout Roosenburg ta.

De coronatiid soarget dus ek foar hegere kosten. In foarbyld dêrfan is dat de klup sels de coronatesten betelje moat foar spylsters en technyske stêf, yn wiken dat der gjin kompetysjewedstriid is. Fuotbalbûn KNVB soe dêr neffens de klup earst foar opdraaie, mar dat blykte net sa te wêzen. Roosenburg: "We hebben ook best wel veel extra kosten gehad." Dochs ferwachtet se dat de froulju wol it seizoen ôfmeitsje kinne. "We gaan ervan uit dat dat gaan lukken."

De fuotbalfroulju fan SC Hearrenfean yn it duel mei ADO Den Haag - Foto: Orange Pictures

Faker jildpine by froulju Hearrenfean

It is net de earste kear dat it foar de froulju fan SC Hearrenfean finansjeel dreech is. Sa wie der yn 2017 jildpine en slagge it hast net om de begrutting rûn te krijen. Datselde barde yn 2019. Doe wie finansjeel wanbelied grûnslach fan de problemen. Twa jier lyn is de stichting efter it frouljusfuotbal sels likwidearre. Der is in nije stichting kaam, dy't no dus op 'e nij muoite hat om de holle boppe wetter te hâlden.

Dochs is der neffens Jessica Roosenburg beslist wol besteansrjocht foar frouljusfuotbal op It Fean. "Daar hebben we het ook over met sponsoren en de KNVB. We vinden allemaal dat dat zo is. De vraag is of we lang genoeg kunnen blijven watertrappelen tot die omslag komt. De zonnige zijde is dat er vrouwenvoetbalbreed allemaal ontwikkelingen de goede kant op gaan."

Sa is der mei Pure Energy in haadsponsor foar de frouljus-earedifyzje, is ING der as grutte sponsor yn stapt, stjoere ESPN en de NOS wedstriden út en begjint ek Feyenoord mei in frouljusploech yn de earedifyzje.

It is wis dat der op de eftergrûn hurd wurke wurdt oan it tekoart op de begrutting. Se jouwe beslist net op by de froulju fan SC Hearrenfean. "Iedereen is superstrijdbaar. Ik val wel in slaap, maar heb wel regelmatig gehad dat ik 's nachts om vier uur wakker word en me afvraag hoe we dit weer voor elkaar gaan boksen. We hebben nog wel een paar spannende maanden voor de boeg."

It bestjoer is hoopfol nettsjinsteande it tekoart

(Advertinsje)
(Advertinsje)