Weening bêste Nederlanner Tour
Hurdfytser Pieter Weening fan De Harkema wie tongersdei de bêste Nederlanner yn de 17e etappe fan de Tour de France. Weening einige op it 37e plak mei goed 10 minuten achterstân op winner Alejandro Valverde.
Weening gie yn de etappe bot yn de oanfal en wie lange tiid mei foaroan.