Wetterskip Fryslân docht mei oan langer, wiidweidiger coronaûndersyk rioelwetter

08 apr 2021 - 13:31

It ûndersyk fan rioelwetter op spoaren fan it coronafirus wurdt grutter fan opset en giet langer troch, hat it ministearje fan Folkssûnens besletten. De kommende fiif jier wurdt it rioel wiidweidiger ûndersocht op coronaspoaren. Wetterskip Fryslân sil alle dagen meunsters leverje oan it RIVM om de 'brune data' ynsichtlik te meitsjen. Want, wat hawwe wy allegearre ûnder de lea?

Foto: Shutterstock.com (People Image Studio)

Wetterskip Fryslân leveret sûnt septimber ferline jier twa kear wyks meunsters fan alle 27 Fryske rioelwettersuveringen oan it RIVM. Dat moat tenei alle dagen wurde, sa is ôfpraat mei in ministearje.

Lanlik dogge noch net alle rioelsuveringen mei. No is dat 75%. De kommende tiid sil der in útwreiding wêze nei alle 314 rioelsuveringen yn Nederlân. En der sille net mear twa kear wyks, mar alle dagen meunsters nommen wurde.

De mjittingen binne in wichtige oanfolling op de oare ûndersiken nei corona. Mei help fan rioelwetterûndersyk wurdt de fersprieding fan it firus yn de gaten hâlden. Boppedat kin sa dúdlik wurde hokker ferskate farianten fan it firus der binne.

Rioelwetterûndersyk kin yn de takomst ek op oare manieren ynset wurde om te sjen hoe't it mei de folkssûnens giet.

Otto van der Galiën fan Wetterskip Fryslân

(Advertinsje)
(Advertinsje)