Auto einiget yn sleat nei oanriding yn Snits; twa ferwûnen

08 apr 2021 - 12:35

Twa minsken binne tongersdei yn Snits ferwûne rekke nei in oanriding tusken twa auto's. Ien fan de twa auto's bedarre nei de oanriding yn de sleat.

Foto: Noordernieuws/De Vries Media

Ferskate helptsjinsten waarden oproppen, ek de traumahelikopter. Dy hoegde úteinlik net te kommen, mar it ambulânsepersoniel hat wol twa minsken behannele. Sy binne letter oerbrocht nei it sikehûs.

De Groenedijk hat in skoftke ticht west. De oarsaak fan it ûngelok is noch net bekend.

(Advertinsje)
(Advertinsje)