Ynhâld konteners Baltic Tern bekend, ien mei bakoalje

08 apr 2021 - 12:14

De ynhâld fan de konteners dy't woansdei oerboard sloegen fan it skip Baltic Tern is oars as earst tocht waard. De gedachte wie dat ien fan de konteners leech wie, mar dêr blykt no bakoalje, 'used cooking oil', yn te sitten. Dat meldt de Kustwacht. Dy kontener is noch wol spoarleas.

Foto: Kustwacht

Ien fan de fiif konteners is wol fûn. Dat is de kontener dêr't aseton yn sit. In sleepboat fan de Kustwacht hat dy kontener fêst makke mei tou. Se besjogge no hoe't se dy feilich bergje kinne.

De oare fjouwer konteners binne noch spoarleas. Yn ien sit dus 'used cooking oil'. Yn twa sitte houtfezels en dan is der ek noch ien mei pallets. It is noch net dúdlik wat der op dy pallets sit.

Boargemaster Ineke van Gent fan Skiermûntseach oer de situaasje

MSC Zoe, doe ien fan de grutste kontenerskippen fan de wrâld, ferlear goed twa jier lyn 342 konteners boppe de Waadeilannen. In jier letter gong it mis mei de OOCL Rauma, dat sân konteners ferlear boppe Skylge en It Amelân. En dizze wike rekken ferskate kontenerskippen yn de problemen, lykas de Escape en de Baltic Tern. Sjoch foar al it nijs dêroer op ús dossierside.

(Advertinsje)
(Advertinsje)