Stâl fol jong spul, mar gjin besikers by bernebuorkerij Ljouwert

08 apr 2021 - 11:19

De bernebuorkerijen wurde yn dizze tiden fan coronakrisis ekstra hurd rekke. Se meie net iepen foar publyk, mar it wurk giet wol gewoan troch. Dêr komt nochris by dat it yn dizze maitiidswiken smoardrok is mei jong guod, dat it no dwaan moat sûnder de leafde fan de bern.

Foto: Omrop Fryslan

It is in drokte fan komsa yn de stâlen fan de bernebuorkerij yn Ljouwert. It is healwei njoggenen, en dus tiid foar wat fretten foar de geiten. De biologyske klok fan de bisten is goed ôfsteld, want se 'roppe' al sagau't Germ Reitsma de hoksdoar iepen docht. It is deistige kost foar Reitsma, want nettsjinsteande de sluting fan de buorkerij fanwege corona, moat it wurk wol gewoan trochgean.

Njonken it lawaai fan de bisten is it stil op it kompleks. De boarterstastellen bliuwe leech, no't de coronamaatregels it net tasteane dat der besikers komme. Hjir en dêr skarrelet in meiwurker om dy't foar de bisten of it ûnderhâld soarget.

Al sûnt desimber meie der gjin bern mear delkomme om de ezels, kninen en geiten oan te krûpen. In klap foar de buorkerij, benammen ek om't se ferline jier derop ynset hiene om krekt yn dizze maitiidsperioade wer folslein iepen te wêzen. "De bernebuorkerij is eins it wichtichst yn de maitiid, mei al dat jonge spul. It is no it twadde jier op rige dat it eins net besjoen wurde kin troch de minsken."

Foto: Omrop Fryslan

Ferslachjouwer Jantine Weidenaar sjocht yn de stâlen

It maitiidsseizoen freget in soad tarieding: de bisten moatte op tiid dutsen wurde, om derfoar te soargjen dat der yn de moannen april en maaie jong spul is. Dat is allegearre slagge, mar no binne der dus gjin besikers om fan dat moais te genietsjen. Skande, sa fynt Reitsma. Benammen om't de jonge bisten samar wer grut binne. Al is der noch wol wat hope fêstige op de baarch, dy't yn maaie lytse barchjes krijt. "Wy hope dat wy dan wol wer iepen binne."

Lobby yn Den Haag

Yntusken is der kontinu kontakt mei de gemeente, om mar te hearren wat der mooglik is, en om der wis fan te wêzen dat der genôch lobbyd wurdt foar de buorkerij. Want yn tsjinstelling ta in soad buorkerijen yn de Rânestêd krije se yn Ljouwert gjin subsydzje. De ynkomsten komme fan de besikers, en dus wat gauwer oft dy wer wolkom binne, wat better it is foar de buorkerij.

De animo is der wol: "Der komme alle dagen wol minsken by it stek om te freegjen oft wy ek iepen binne." Reitsma fernimt dat minsken der wer út wolle. "Mei it moaie waar fan ferline wike moasten we it stek sels op slot dwaan, want oars kamen se deryn."

Harkje nei in petear mei Germ Reitsma

(Advertinsje)
(Advertinsje)