Drinkwetterrûte Flylân kuierje of fytse: provinsje helpt eilân op wei

Flylân kriget in rûte dêr't yn sjen litten wurdt hoe't se op it eilân mei swiet wetter omgean. De wetterrûte is ien fan de trettjin inisjativen op de Waadeilannen dy't IMF-subsydzje krije fan de Provinsje Fryslân. De provinsje stipet de eilannen mei hast twa ton út it Iepenmienskipsfûns. As de wettertocht op Flylân klear is, kin er rûn of fytst wurde.
© Shutterstock.com (Gerda Beekers)
Flylân is it iennige eilân dat him hielendal sels bedript wat drinkwetter oanbelanget. Der sit nammentlik in foarried oan swiet wetter. De wetterrûte is bedoeld om sjen te litten hoe spesjaal oft dat is. Underweis kinne minsken ûnder oare in wetterynstallaasje betsjinje.
De oanlis fan de Flylanner wetterrûte kostet mei-inoar hast 250.000 euro. De provinsje betellet dêr goed 70.000 euro oan mei út it Iepenmienskipsfûns.
Oare projekten dy't ek jild krigen hawwe út de provinsjale IMF-pot, binne ûnder oare: röntgenapparatuer by in húsdokter op Skylge mei ferbining mei it Antoniussikehûs yn Snits. Pasjinten hoege dan net mear nei de fêste wâl. Fierders in indoor midgetgolf-lokaasje op It Amelân mei dêryn ek in streekwinkel, en in Plastic Fles-tival, ek op It Amelân. En ek noch in spesjaal programma fan de brune float om te farren mei skoalbern.

Oanfraach stiet wer iepen

Oanfragen yntsjinje foar nije IMF-subsydzjes kin meikoarten wer. De projekten moatte de leefberheid ferbetterje. Sûnt koart is it ek mooglik gading te meitsjen nei de IMF-subsydzje as de inisjatyfnimmer in nij produkt op it eilân yntrodusearret.