Fertochte Mûnein oerpleatst nei Taghi-sel om ynsidint yn finzenis

Advokaat Rob Jan Pardijs fan de fertochte yn de moardsaak yn Mûnein wol dat der oanfoljend ûndersyk ferrjochte wurdt. Pardijs wol in tal belangrike tsjûgen opnij hearre en hy wol in analyze fan de bloedspatten. Yntusken is de fertochte oerpleatst nei in swier befeilige ynstelling nei in ynsidint.
© De Vries Media
Dat is tongersdei dúdlik wurden op de pro forma-sitting. De fertochte, in man fan 28 út Mûnein, soe op 6 juny ferline jier yn in hûs oan de Mounewei yn Mûnein in 44-jierrige ynwenner fan Almere deastutsen ha. De bewenner, in man fan 38 jier, rekke ek ferwûne.

Ut de hân rûn

Syn freondinne ûntsnapte troch út it rút te springen. It deadlike slachtoffer wie in freon fan de bewenner fan it hûs, hy wie dy dei op besite. De fertochte wenne oan de oare kant fan de strjitte. Hy hie earder op 'e dei del west by syn doarpsgenoat en kaam letter werom, mei in stien en in mes. Dêrnei rûn it út 'e hân yn it hûs. Der hat yntusken, op fersyk fan advokaat Pardijs, in rekonstruksje west. De saak wurdt nei alle gedachten yn juny ynhâldlik behannele.
De fertochte sit op it stuit yn de PPC-ôfdieling yn Vught, in spesjale soarchôfdieling foar kwetsbere detinearden, dy't bygelyks psychyske problemen hawwe. Earder siet er yn Zwolle, mar hy is oerpleatst nei Vught nei in ynsidint.