Nije BioLNG-sintrale op Enerzjykampus yn Ljouwert

08 apr 2021 - 10:39

In groep ynvestearders wol ein 2021 úteinsette mei de bou fan in grutte BioLNG-sintrale op de Enerzjykampus, op de Skinkeskâns yn Ljouwert. De opbringst fan de sintrale is foaral bedoeld foar it skipfeart- en frachtferkear. Dat ha de dielnimmers tongersdei bekend makke.

Nije BioLNG-sintrale op enerzjykampus yn Ljouwert

De sintrale ferget in ynvestearring fan sa'n 40 miljoen euro en wurdt boud op in stik grûn fan trije en in heal hektare oan it Van Harinxmakanaal. De sintrale moat draaie op stront en reststreamen sa as kofjegrom, weetresten, plantaardige oaljeresten en bermgers. It materiaal sil foar it grutste part mei frachtweinen oanfierd wurde.

De sintrale wurdt boud troch it Fûns Skjinne Fryske Enerzjy, projektûnwikkelder D4 (ûnderdiel fan duorsum yngenieursburo Ekwadraat), BioLNG-produsint Rolande en bou- en eksploitaasjebedriuw Mele.

Hjir moat de sintrale komme - Foto: Omrop Fryslân, Gerrit de Boer

Nei ferwurking ta BioLNG wurdt de reststream ferwurke ta brûkbere grûnstoffen foar de lânbou om de boaiemfruchtberens op peil te hâlden. Ek wurdt út it biogas floeibere bio-CO2 produsearre dat foaral brûkt wurdt yn de kassetúnbou.

De nije sintrale moat de twadde yn syn soart wurde yn Fryslân. In pear wike lyn waarden troch in oare ûndernimming al plannen presintearre foar in fergelykbere sintrale yn de haven van Harns.

Michiel Ottevanger (projektlieder) en Douwe Faber (direkteur Ekwadraat) - Foto: Omrop Fryslân, Gerrit de Boer
(Advertinsje)
(Advertinsje)