PODCAST Smokkelbern #1: "Ben ik hier bij Flim?"

08 apr 2021 - 09:54

Smokkelbern is in podcast mei ferhalen fan Joadske ûnderdûkbern yn Fryslân. Yn ôflevering 1 geane podcastmakkers Gerard van der Veer en Karen Bies op besite by histoarikus Bert Jan Flim, dé kenner fan de Joadske ûnderdûk yn Nederlând.

Beharkje de podcast:

Yn 1942 begûnen studinten út Amsterdam en Utrecht mei it rêden fan Joadske bern, om se út hannen fan de Dútsers te hâlden. Se smokkelen de bern, mei de trein of boat, nei pleechgesinnen op it plattelân. Sa oerlibben hûnderten Joadske bern yn Fryslân de oarloch.

Hoe hawwe se dy tiid belibbe, dat se ûnderdûkt sieten by in Fryske famylje? En hoe gie it letter mei se?

Gerard van der Veer en Karen Bies - Foto: Omrop Fryslân

Yn diel 1 begjinne podcastmakkers Gerard van der Veer en Karen Bies by histoarikus Bert Jan Flim yn Grins. Hy ûntdekt yn 1983 as jonge studint skiednis wat de rol fan syn eigen heit wie yn de oarloch. Herman Flim wie bakker yn Nijverdal en siet by de NV fersetsgroep. Hy wist tsientallen Joadske bern yn feilchheid te bringen op it Twintske plattelân. Ien fan dy bern wie Ed van Thijn, dy't letter boargemaster fan Amsterdam en minister fan Ynlânske Saken waard.

Foar Bert Jan waard dat ferhaal it startsein ta syn ûndersyk nei de skiednis fan it 'bernewurk' yn de oarloch. Hy hat ûnderwilens twa boeken op syn namme te stean: Onder de klok en Het grote kinderspel.

Bert Jan Flim - Foto: Omrop Fryslân

Karen Bies fertelt oer de podcast

Smokkelbern is in podcast mei tsien ôfleveringen. De podcast is te beharkjen op de webside fan Omrop Fryslân, yn de podcastapp en op Spotify. Sjoch foar mear ynformaasje op omropfryslan.nl/smokkelbern.

Foto: Omrop Fryslân

'De terugkeer van de Joodse kinderen' is in projekt fan Stichting De Verhalen, yn it ramt fan de betinking fan de Twadde Wrâldoarloch en de fiering fan 75+1 jier frijheid. De oarlochsskiednis fan mear as 200 Joadske ûnderdûkbern stiet dêrby sintraal.

(Advertinsje)
(Advertinsje)