Kollum: "Foarried"
"In parsemomint. Kenne jo dy útdrukking? Fan 'e wike hat der sa'n momint west by it bedriuw Movianto yn Oss, dat is it sintrale distribúsjesintrum dêr't alle coronafaksins ferspraat wurde troch it hiele lân. Parsemomintsjes komme as sadanich net yn it nijs, mar kinst se werkenne as oer ien bepaald ûnderwerp in fertocht soad berjochten mei ferlykbere foto's ferskine. Woansdei wiene dat berjochten oer Movianto. Der stie in stik yn De Volkskrant, en op de site fan De Telegraaf, Nederlands Dagblad, en ek de krante De Limburger hie in artikel oer Movianto.
Wat wie der te sjen? 800.000 faksins. Hoe? Yn in pear stellingen mei doazen, sa't dy oeral te finen binne. Wa fertelde deroer? Michiel Heller, supply chain manager dêr, troch sjoernalisten de doazen en de friezers sjen te litten. Oant safier net in soad oan 'e hân, kwa sjoernalistyk. Mar wat tusken de sintsjes troch te lêzen wie, is it 'wêrom'. Wêrom moasten sjoernalisten dizze stellingen, friezers en doazen sjen? Wat wie it efterlizzend boadskip? It stie yn De Volkskrant yn in koart sintsje oan de ein fan it stik: 'De bedoeling van Heller is duidelijk als hij demonstratief bij de bescheiden ogende stapel dozen gaat staan.' Sitaat fan de manager: 'Dit laat toch zien dat hier niet heel veel ligt.'
Ja, Sherlock. It giet hjir net om in foarried auto's. Hast dêr 800.000 fan op foarried, dan stiet dyn stellingkast wol aardich fol mei doaskes. Of IC-bêden, miskien noch in moaier ferlyk. It giet hjir om faksins. In flakon faksin ynklusyf 'oplossingsvloeistof' is neffens it RIVM 2,25 mililiter, en dat is goed foar seis of sân faksins. Wy hawwe it oer ûngefear tsien dripkes de doasis - fansels binne dat lytse doaskes en mar in pear stellingen.
Op it stuit binne der sa'n 2 miljoen earste prikken set yn Nederlân. Yn dat ljocht moatst it sjen. Want 800.000 op 2 miljoen is hast de helte. Hiest hiel Fryslân in earste prik jaan kinnen, en der by wize fan sprekken in enklave lykas Gibraltar fan meitsje kinnen, dêr't alles wer iepen is en jo gjin mûlkapkes op hoege. No stiene der twa siden yn De Volkskrant mei ûnsin oer hoe lyts oft dy foarried op it each liket. Koarter is it stikje dêrneist. Dat begjint sa: 'Bij vaccinatielocaties in Nederland melden zich dagelijks wanhopige patiënten, die GGD-medewerkers smeken om een vaccin.'
Der binne trije dingen dêr'tst op it stuit net oan komme kinst yn Nederlân. Faksins, in pilske op in terraske, en de Playstation 5. Playstation is in yngewikkeld ferhaal, mar de rest...
Sjoch, ik bin fansels gjin ekspert. Mar wêrom dit soarte fan trochsichtige spultsjes spylje? Wêrom is dit yn hannen fan in 'supply chain specialist' by in 'healthcare dedicated logistics'-bedriuw, mei in ôfkarde namme fan in Opel-bestelbuske, dat om fiif oere middeis tichtgiet? Wêrom is dit bygelyks net yn hannen fan ús militêren: logistyk is sa'n bytsje de kearn fan definsje. Wy hawwe no dochs dy Joint Strike Fighter, of hoe hjit dat ding tsjintwurdich? Volkel leit in pear kilometer fan Oss, en dy faksins binne blykber sa lyts, datst de doaskes foar hiel Fryslân op de efterbank fan dat fleantúch lizze kinst.
Ik bin allergysk foar sjarme-offensiven, op dit soarte fan parsemominten. Ik kin net efterhelje wa't dêrefter siet. Mar feit is dat it al in pear wiken yn 'e media giet oer dy hege foarrieden. En alle kearen komt Hugo de Jonge wer mei praatsjes oer dat it mar sa liket. En dat jo in marzje oanhâlde moatte en wit ik watfoar ûnsin. En dy twadde prik dan? Jawis, dy twadde prik. Wy libje al in jier sawat yn steat fan belis, mei folle sikehuzen, oerwurke soarchpersoniel, in stikkene hoareka- en kultuersektor, in jûnsklok en oarlochstafrielen op it Museumplein. In ferlern jier, wat dramatysk is foar eltsenien, oft jo no 80 of 18 binne.
Ut ûndersyk die al bliken dat jo nei ien prik 85 oant 95 persint minder kâns hawwe op in sikehûsopname. Dat binne spektakulêre sifers. Mar dan moat de earste prik al set wurde. En mei it tempo dêr't it no yn giet yn Nederlân, komt it my foar as hawwe se der gjin nocht oan. It is simpel, supply chain managers, healthcare dedicated logistics mei mear ferstân fan tûke parsemominten as fan urginsje: de bêste ried is op it stuit GJIN foarried. Faksinearje, pankoek!"