PBL: Boeren moatte lânbougrûn ynleverje foar hûzen en natuer

08 apr 2021 - 07:53

Boeren moatte de kommende jierren tsientûzenen hektare ynleverje om plak te meitsjen foar nije natuer, wenningbou en it opwekken fan duorsume enerzjy. Hast 60 prosint fan alle grûn yn Nederlân wurdt no brûkt troch de lânbou. As alle plannen trochgeane, is dat yn 2050 noch 50 prosint. Dat is in weromgong fan 180.000 hektare, te ferlykjen mei Súdwest-Fryslân, Harns en De Fryske Marren by-elkoar.

Kij yn de greide by de Ouwster-Trijegeaën - Foto: Omrop Fryslân, Sian Wierda

Dat stiet yn it rapport Grote opgaven in een beperkte ruimte, dat it Planbureau voor de Leefomgeving (PBL) tongersdei presintearret. It PBL is de wichtichste adviseur fan it Ryk op it mêd fan romtlike oardering.

Neffens it PBL stiet it nije kabinet foar driuwende karren by de takomstige ynrjochting fan Nederlân. Oant 2030 moatte der in miljoen hûzen by komme, der is nije natuer nedich, der wurdt romte socht foar wynmûnen en sinneparken, en der binne gau maatregels nedich om de gefolgen fan it opwaarmjen fan de ierde tsjin te gean.

Goede karren meitsje foar de takomst

It nije kabinet moat by it ynrjochtsjen fan Nederlân en it ferdielen fan de romte karren meitsje dy't goed binne foar de takomst. Yn it ferline is grûn en romte benammen brûkt foar ekonomysk gebrûk, lykas yntinsive feehâlderij. "Juist nu Nederland voor zulke grote opgaven staat, begint zich dit steeds meer te wreken."

Den Haag moat lanlik yn kaart bringe wêr't ferlet fan is en wêr't dat it bêste kin. "Het is de kunst om niet alleen snel huizen neer te zetten, maar te bouwen aan dorpen en steden waar mensen graag wonen, werken en verblijven", is de konklúzje. "Het is nodig hiervoor een brede verstedelijkingsstrategie op te stellen die ook infrastructuur, groen, water en energie omvat."

'Te lang wachte mei drege besluten'

Dat is in "ingewikkelde puzzel", seit it PBL, want yn in lyts lân kin net alles tagelyk. It nije kabinet moat knopen trochhakje, seit PBL-ûndersiker David Hamers. Hy is ien fan de skriuwers fan it rapport. De polityk hat neffens him drege besluten te lang foar him útskood.

(Advertinsje)
(Advertinsje)