Kafeehâlder Baard krijt foarearst gelyk fan rjochter

De eksploitant fan it kafee yn Baard, Cobus Prins, bliuwt foarearst de hierder. Dat is de foarriedige útspraak fan de rjochtbank yn in koart pleit. Aggie Brouwer, de frou fan Prins, sei ferline jier de hier fan it kafee yn Baard op. Har man wie de hierder, dus it is mar de fraach oft de opsizzing neffens de wet wol jildich is. Stichting Dorpshuis Baard, dy't it kafee ferhiert, hat fan 1 maaie ôf al in nije hierder fûn. Mar de rjochter fynt dat de opsizzing net neffens de regels gien is.
It kafee yn Baard © Timo Jepkema, Omrop Fryslân
Ein ferline jier wie der in soad stress by de famylje Prins. Saaklik wie it in minne tiid fanwege it coronafirus en dan wie Cobus ek noch siik. Der wiene petearen tusken de stichting fan it doarpshûs en de eksploitanten om in nije hierder te sykjen dy't it kafee runne koe. Dy partij waard fûn en soe fan 1 maaie ôf begjinne.
Cobus en Aggie hawwe, sa sizze sy, 50.000 euro ynvestearre yn it kafee en de nije eigeners moatte neffens har wol ta de bûse om saken oer te nimmen.
"De wet is helder," seit de rjochter, allinnich de hierder kin ek echt de hier opsizze. De partijen sitte dus noch oan inoar fêst en krije twa wiken de tiid om in oplossing te finen. Oft dat slagget, is de fraach.
Ferslachjouwer Dieuwke Kroese oer it koart pleit