Teäter yn de kelder fan it Ljouwerter Comenius: 'Holocaust-Hollywood'

Der is yn alle gefallen ien teäterfoarstelling yn Fryslân dy't dizze wike gewoan trochgiet. Mar net op in normaal plak en net foar in normaal publyk. Yn de kelder fan skoalmienskip Comenius yn Ljouwert fiere teätermakker Inez Timmer en Tseard Nauta de foarstelling Holocaust-Hollywood oer de Joadske Ilse Weber op.
Teäter yn de kelder fan it Ljouwerter Comenius:
It publyk bestiet út learlingen fan it Comenius. Oarspronklik wie it plan om de foarstelling spylje te litten yn teäter De Bres, mar dat mocht net fan de gemeente. Mar no't it op skoalle is, mei it al. Ta grutte blydskip fan de teätermakkers. "Wy woene dit stik sa graach bringe en no kin it einlings."
© Omrop Fryslân, Wytse Vellinga

Yn it tsjuster

De ruten yn de kelder fan it Comenius binne foar in grut part ôfplakt om sa min mooglik ljocht troch te litten. In tritichtal stuollen stiet ferspraat oer de flier om safolle mooglik de oardel meter oanhâlde te kinnen. Oan ien kant fan de kelder is sa goed mooglik in dekôr oanbrocht ynklusyf de profesjonele beljochting dy't der by heart. Yn totaal sil hjir 17 kear it stik Holocaust-Hollywood spile wurde foar yn totaal sa'n 400 learlingen.
Foar Timmer en Nauta is it foar it earst sûnt ein ferline jier dat se wer op 'toaniel' stean. Mar fan ekstra spanning hawwe se gjin lêst, sa seit Timmer: "It is úteinlik lykas swimme en fytsen. Je ferleare it net." Foar de teätermakker sit de spanning mear yn it stik sels. "It is dochs in frij heftich ferhaal en om dat op in goeie wize te fertellen foar dizze doelgroep is wol spannend," seit Nauta.
"Der sitte ek in soad ferwizingen nei hjoed-de-dei yn. Sa warskôgje wy foar 'fake news'. Ferhalen dy't mar maklik dield wurde en leaud wurde en hoe't dat ferkeard rinne kin," sa follet Timmer oan.

Hoop op teäter

It stik oer Weber is wol flink oanpast om it spylje te kinnen op skoalle. Sa is it folle koarter as dat earst de bedoeling wie. Nauta: "Dêrom hoopje wy ek dat wy it letter ek noch echt yn it teäter dwaan kinne. Der sitte noch safolle aspekten oan dit ferhaal dy't omtinken fertsjinje, dat wy it net lizze litte kinne."
Nei moannen sûnder stiene Inez Timmer en Tseard Nauta foar it earst wer foar publyk
© Omrop Fryslân, Wytse Vellinga
Dat se no dochs spylje kinne leit ûnder oaren oan dosint Ali van Veldhuizen. Sy hat der by de gemeente op oantrune om dit dochs trochgean te litten. "We hadden het al verschillende keren geprobeerd en elke keer kreeg ik weer nee te horen. Het oorspronkelijke plan was om in grote groepen naar theater De Bres te gaan, maar dat mocht echt niet van de gemeente. Pas toen we met deze opzet kwamen kregen we toestemming voor de opvoering. En daar ben ik heel blij mee, want het is echt een belangrijk verhaal om te vertellen."