Forum voor Democratie grypt boargerinisjatyf oan foar Fryske referinda

07 apr 2021 - 20:09

De Fryske fraksje fan Forum voor Democratie stipet in boargerinisjatyf foar it mooglik meitsjen fan provinsjale referenda. Earder wie in foarstel yntsjinne om de referindumferoardering oan te passen, mar dat waard troch in tal partijen tsjinholden. Mar troch it trochstreamen fan Romke de Jong fan D66 nei de Twadde Keamer is der in lykspul: 21 stimmen foar en 21 stimmen tsjin. Dêrtroch is der neffens Forum romte foar in boargerinisjatyf.

Argyfbyld - Foto: Omrop Fryslân, Andries Bakker

It giet dus koartsein om in referendum oer it referendum. De hjoeddeiske feroardering bestiet al sûnt 2005, mar der hat noch nea in provinsjaal referendum west. Dêrom moatte de drompels omleech, sa fynt Forum voor Democratie. De kiesdrompel foar in definityf fersyk moat neffens de fraksje omleech fan 5 persint fan de Fryske kiesrjochthawwers (25.343 hantekeningen) nei in absolút getal fan 12.000 hantekeningen. En de opkomstdrompel moat neffens Forum omleech fan 40 nei 30 persint fan de kiesrjochthawwers.

Mei help fan de fraksje hat Kevin Oudhuis in boargerinisjatyf opset. Foar 21 april binne der 1.673 hantekeningen nedich en úteinlik binne der 25.343 hantekeningen nedich foar in definityf fersyk.

(Advertinsje)
(Advertinsje)