Epke Zonderland op 'e nij heit wurden fan in soantsje

Epke Zonderland en syn frou Linda Steen binne op 1 april foar de twadde kear âlden wurden fan in soantsje: Jan. "We genieten volop van ons mooie kereltje," skriuwt de turner op sosjale media. Dêr makke hy it nijs woansdei bekend. "Dankbaar en blij zijn we met de geboorte van onze zoon en broertje Jan." It pear hat al hûnderten felisitaasjes krigen.
Zonderland en Steen trouden yn 2016 binne al de grutske âlden fan soantsje Bert Eize. "Zo blij en dankbaar dat onze kleine jongen grote broer gaat worden!", liet de turner yn desimber al witte.