Twa drugswenten yn Ljouwert en ien yn Waadhoeke sletten

07 apr 2021 - 17:34

Yn Ljouwert en Waadhoeke binne meardere wenten op slot set troch de boargemasters fanwege drugsfynsten.

Foto: Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust

Yn Ljouwert giet it om twa wenningen: aan it Zuidvliet en de Pieter Stuyvesantweg. Yn beide huzen waarden himpkwekerijen oantroffen. Yn it hûs oan it Zuidvliet waarden 64 planten en 5.757 stekjes oantroffen. Yn it oare pân waarden 36 himpplanten oantroffen. Beide wenten binne foar 3 moanne sluten.

Yn de gemeente Waadhoeke giet it om in wenning yn Frjentsjer. Dêr waarden yn jannewaris 341 himpplanten oantroffen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)