Petysje Waadferiening: "Heb lef, wacht jurisprudentie en claims maar af"

07 apr 2021 - 17:19

De Waadferiening hat in online petysje opset: "Stop containerschepen op gevaarlijke scheepvaartroutes boven de Wadden." De feriening hat syn nocht en ropt minsken op om de petysje te tekenjen en oan te trúnjen op it tsjinhâlden fan ûnfeilige kontenerfeart en beskerming fan it Wrâlderfgoed.

Argyffoto fan kontenerskippen op de Waadsee - Foto: Shutterstock.com (Juergen Wackenhut)

De Waadferiening wol dat it regear de moasje útfiert wêrmei't de Kustwacht it foech krijt om kontenerskippen op te lizzen in oare rûte te farren. Nederlân soe de lieding nimme moatte as it giet om 'bindende beperkingen' yn in ynternasjonaal ferbân.

Ellen Kuipers fan de Waadferiening

"Het is onvoorstelbaar," seit Ellen Kuipers fan de Waadferiening. "Er wordt weer bewezen dat de vaarroutes niet veilig zijn bij dit weer. Tiisdei makke Kuipers al bekend dat de Waadferiening him soargen makket, in dei letter docht bliken dat de noed terjochte is: wer hat in skip konteners ferlern. "Wij vinden dat er doorgepakt moet worden: geen woorden, maar daden. Hoe moeilijk kan het zijn, het is geen 'rocket science'."

"Heb lef en wacht jurisprudentie en claims maar af"

Kuipers fynt dat it regear lef toane moat en gewoan in proef dwaan moat mei it sluten fan de súdlike farrûte as dat nedich is. "Er is wetgeving dat schepen het vrije recht van doorvaart hebben, maar misschien moet je na zoveel incidenten lef hebben en de jurisprudentie en claims maar afwachten. Het is een geldkwestie, maar hoeveel geld kost het opruimen van al die spullen wel niet die overboord geslagen zijn?"

Wanhopich

De risiko's binne yn byld, de maatregels lizze foar hannen, sa seit Kuipers. "Het is gewoon een kwestie van doorpakken. Hoe kan het dat de Kustwacht geen bindende adviezen kan geven. Er ligt een motie van november vorig jaar dat de Kustwacht meer mandaat krijgt om in te grijpen. Bij elke storm denk je: gaat het weer mis? Ik snap het echt niet en word er echt wanhopig van."

(Advertinsje)
(Advertinsje)