Fardau Visser fan Berltsum jout foarljochting oer Fryske taalstúdzje oan de RUG

07 apr 2021 - 17:12

It is wer de tiid fan it jier dat learlingen fan middelbere skoallen harren ferdjipje kinne yn in stúdzje. Masterstudinte Fardau Visser jout yn de Online Bachelorwike (12-16 april) foarljochting oer de stúdzje Minorities & Multilingualism oan de Ryksuniversiteit yn Grins en de mooglikheid om je dêrby te spesjalisearjen yn de Fryske taal.

Fardau Visser - Foto: Fardau Visser

Sels wist de 21-jierrige Fardau Visser fan Berltsum op de middelbere skoalle al hiel gau dat se de bachelor Minorities & Multilingualism folgje woe. "Myn mem hie ris oer de stúdzje yn de krante lêzen en tocht dat it wol wat foar my wêze soe."

Yn de stúdzje Minorities & Multilingualism leare je oer talen, kultueren, skiednis en polityk fan etnolinguistyske minderheden yn de wrâld. Je leare ek hoe't je ûndersyk dogge nei tema's oer minderheden en meartaligens. Fardau spesjalisearre har binnen de oplieding op de Fryske taal en kultuer. "Ik folge de saneamde Fryske track binnen de oplieding Minorities & Multilingualism en learde taalfeardichheid, mar ek oer skiednis, literatuer en Aldfrysk. Ik fyn it hiel weardefol dat ik myn memmetaal bestudearje kin."

Studearje yn it bûtenlân

Binnen de stúdzje Minorities & Multilingualism kinst ek in heal jier nei it bûtenlân ta. "Ik haw in part fan myn bachelor dêrom folge yn Grikelân. Echt in oanrieder om yn dyn stúdzjetiid in skoft nei it bûtenlân te gean. Hielendal yn in tiid fan beweging. Binnen de stúdzje is ek in soad omtinken foar 'diversity management': hoe geane je om mei talige en kulturele diversiteit? It is hiel learsum om dêrfoar ek yn it bûtenlân te wenjen en studearjen."

Online presintaasjes op 13 en 15 april

Minsken kinne har online opjaan foar de Online Bachelorwike fan de RUG. Fardau jout op twa mominten foarljochting: op tiisdei 13 april (17.00 oant 18.00 oere) en op tongersdei 15 april (16.00 oant 17.00 oere). "Wy fertelle minsken oer wat de stúdzje ynhâldt en wat je der letter mei wurde kinne. Fierder jout in universitêr dosint fan ús út Brazilië in minykolleezje oer minderhedepolityk yn it Europa fan hjoed-de-dei. Fansels kinne minsken ús ek fragen stelle. Foar beide dagen hawwe al moai wat minsken harren opjûn, mar opjaan kin noch altyd."

Ien dei studint


Foar 1 maaie 2021 moatte minsken har ynskreaun hawwe foar in oplieding. Mar it kiezen fan in stúdzje is net samar wat. Dêrom biedt de Ryksuniversiteit yn Grins ek de mooglikheid om in wike nei de Online Bachelorwike in dei mei te rinnen as studint. "Fansels hie ik minsken it leafst op sleeptou naam en harren entûsjast makke foar dizze stúdzje, mar 'Een Dag Student' is lykwols opnij online. Foar ús stúdzje is dat op 20 april."

Op stúdzjereis nei Krakau - Foto: Fardau Visser

Kolleezje mei bûtenlânske studinten


Wat Fardau it moaie fynt oan de stúdzje Minorities & Multilingualism is dat se mei sawol bûtenlânske studinten as mei stúdzjenoaten út Fryslân of de rest fan Nederlân kolleezjes folget. "Guon stúdzjegenoaten komme út Sina, Yndia, Meksiko, Grikelân of Ingelân. It is gjin grutte oplieding, mar wy binne wol hiel hecht. Je binne gjin nûmer, wy kenne inoar allegear en de measten binne ek oansletten by ús gesellige stúdzjeferiening Multi. Ek it kontakt mei de dosinten is hiel ynformeel, dat fyn ik in grut pluspunt."

Op dit stuit folget Fardau de master fan Minorities & Multilingualism. "Myn masterstaazje doch ik by it projekt 'Skriuw it Mar!' fan it lektoraat Meertaligheid en Geletterdheid fan hegeskoalle NHL Stenden. Sa lear ik my te ûntwikkeljen as ûndersiker. Hjir sil ik ek myn masterskripsje skriuwe oer Fryske skriuwfeardigens."

En wat wol se as se aanst ôfstudearre is? "It liket my fantastysk om yn it ûnderwiis te wurkjen, mar de sjoernalistyk liket my ek hiel boeiend. Hoe dan ek hoopje ik myn kennis oer de Fryske taal letter yn te setten foar myn wurk. Oer kânsen op wurk meitsje ik my gjin tel soargen. Provinsje Fryslân hat grutte ambysjes mei it Frysk, en ik hear fan ôfstudearre studinten dat se allegear hiel gau in baan fûn hawwe en dat it Frysk har dêr seker by holpen hat."

Fardau Visser

(Advertinsje)
(Advertinsje)