Mismoedich nei oerboard slaan konteners: "Een bult rommel moet je weer opruimen"

07 apr 2021 - 16:43

It kontenerskip Baltic Tern hat woansdeitemoarn op de Noardsee boppe It Amelân fiif konteners ferlern. Nochris twa konteners steane wankel. In fleantúch fan de Kustwacht is yn de buert en bringt de situaasje yn kaart.

Op 'e nij konteners oerboard slein

"Ze hebben twee ontdekt en ze zien belletjes op het water dus ze vermoeden dat daar een container op de bodem ligt", fertelt Ron Corstanje fan de Kustwacht.

It skip fart sa't it liket troch. De twa konteners dy't wif stean wurde fêstset troch de bemanning. Oer de oarsaak is noch net folle te melden, dat moat ûndersocht wurde. In plan fan oanpak is ek noch net te melden. "We kunnen een zoekpatroon instellen, maar dat is lastig met deze zee."

It 170 meter lange skip fear sa'n 27 kilometer noardlik fan It Amelân, nei alle gedachten yn de súdlike farrûte. Twa konteners binne yntusken werom fûn, dy driuwe op see.

De Baltic Tern - Foto: Kustwacht

Ron Corstanje fan de Kustwacht

Pieter Jan Borsch is as lid fan de juttersferiening fan It Amelân net wiis mei it opnij oerboard slaan fan konteners. "Ik zit hier niet op te wachten. Het was met de MSC Zoe al een ramp. Je kon wel wat gebruiken, maar het meeste dat aanspoelde was afval dat zo naar de milieustraat kon. De gemeente moet dat wel betalen, alles moet naar de vaste wal."

Mismoedich

Borsch wurdt der in bytsje mismoedich fan. "Er wordt zo vaak voor gewaarschuwd," seit hy. "Ze moeten hun spullen beter vastzetten en met hoge golven niet in ondiepte varen. Maar ze zijn vrij, het is geen verplichting. Ze mogen de zuidelijke doorgang nemen. Ze willen het internationaal regelen, maar dat lukt niet."

It is wol de fraach oft it guod fan de Baltic Tern by It Amelân telâne komt. "Misschien komt het eerder bij Schiermonnikoog of Borkum terecht, want de stroming gaat naar het oosten toe. Je zit er niet op te wachten, want een bult rommel moet je weer opruimen. Hoe lang duurt het wel niet voor zoiets weg is?"

Noch altyd guod fan MSC Zoe

De jutter tinkt noch in soad werom oan de ramp mei de MSC Zoe. "We komen nog steeds dingen tegen, een heleboel containers zijn nooit gevonden. Zeker met storm komen er weer spullen los. We vonden zopas nog een koelkast. Twee jaar geleden lag het hele strand vol met koelkasten. Van januari tot en met maart zijn we constant aan het opruimen geweest. Auto-onderdelen, lampen, hoesjes van kussenslopen, elektronica. Wij zijn als vereniging nog doorgegaan, we hebben wel 8.000 kilo bij elkaar gezocht, alleen met vrijwilligers. Het ging almaar door."

Pieter Jan Borsch

(Advertinsje)
(Advertinsje)