Takomst lokale blêden yn Fryslân stiet faai: "Het is een trieste tendens"

Foar de Fryske hûs-oan-hûsblêden fan NDC Mediagroep stiet de takomst faai. De útjouwer siket in keaper, mar dat sil dreech wurde. Sels sjocht NDC der gjin perspektyf mear yn. "Het is een trieste tendens die we al langer zien: lokale media boeten aan belang in en verdwijnen," seit Paul Teixeira as sekretaris deiblêden en tydskriften, wurksum by de Nederlandse Vereniging van Journalisten. Hy fynt it wol spitich, likegoed foar it medialânskip as foar de boarger.
NDC hâldt op mei blêden
Yn Fryslân hat NDC yn totaal 16 lytsere kranten útjûn, dêrfan besteane hjoed-de-dei noch 11 hûs-oan-hûsblêden. De Balkster Courant, de Nieuwe Ooststellingwerver, Nieuwsblad Noordoost-Friesland en de Stellingwerf wurde as abonnemint ferkocht. De hûs-oan-hûsblêden binne it Bolswards Nieuwsblad, de Drachtster Courant, De Feanster, de Franeker Courant, de Heerenveense Courant, Huis aan Huis Leeuwarden, de Jouster Courant, de Kollumer Courant, de Nieuwe Dockumer Courant, it Sneeker Nieuwsblad en de Zuid-Friesland. Fierder wie der noch De Woudklank, dy't yn 2020 opholden is.

Alles of neat

NDC is koartlyn oernaam troch it Belgyske Mediahuis, dat al langer dwaande is om wykkranten te ferkeapjen. It docht bliken dat winst mei de lytse kranten suver net mooglik is fanwegen de tsjinfallende advertinsje-ynkomsten. Neffens RTV Noord is it net de bedoeling dat NDC noch in part fan de kranten behâldt: it is alles of neat. It giet ek om kranten yn Grinslân en Drinte. De ceo hat oan RTV Noord witte litten dat oernamepartijen 'niet in de rij staan.' Binnen it personiel fan NDC is der ûnrêst oer it ôfstjitten.

Gruttere trend

Neffens Teixeira past it ferdwinen fan de kranten dus yn in gruttere trend. It hat mei ferskate dingen te krijen. "Een deel kreeg een versnelling door de coronapandemie. Regionale en landelijke dagbladen zien hun oplagen stijgen omdat lezers behoefte hebben aan informatie. Daardoor stijgt de omzet ook, want je betaalt voor een abonnement."
Hûs-oan-hûs-kranten fan NDC Mediagroep © Omrop Fryslân

Lokale ûndernimmers lije ûnder corona

Mar lokale media binne faak fergees, of freegje mar in beheind abonnemintsbedrach. "Dat betekent domweg dat ze voor inkomsten afhankelijk zijn van een andere omzetstroom. Dat zijn bijna altijd advertenties, veel van lokale ondernemers. Door de coronacrisis zie je dat winkeliers en andere ondernemers het heel zwaar hebben, zij hebben wel wat anders aan hun hoofd dan adverteren in lokale media. Dat resulteert in het sluiten van titels."
Een lokaal medium is meer dan alleen een bundeling van berichten over een dorp of stad.
Paul Teixeira fan de Nederlandse Vereniging van Journalisten (NVJ)
Oer it algemien is it ferdwinen fan lytse kranten spitich, fynt Teixeira. "Een lokaal medium is meer dan alleen een bundeling van berichten over een dorp of stad. Het heeft ook een controlerende functie. Men gaat naar de gemeenteraad, er worden vergaderingen verslagen, besluiten worden doorgelicht. Lokale media staan ook in veel dichter contact met hun doelgroep dan andere media. Als dat lokale medium wegvalt, valt de controlerende rol ook weg."
Paul Teixeira fan de Nederlandse Vereniging van Journalisten (NVJ)
Op strjitte yn Fryslân binne de measte minsken it mei him iens, ek al tinkt net eltsenien sa djip nei oer it medialânskip. "Regionijs stiet der altyd goed yn, dat is ek hiel wichtich foar de omkriten. De minsken binne dêr wiis mei. Der steane ek advertsinsjes yn fan de minsken dy't bygelyks ferstoarn binne," seit in man yn Dokkum.
"Hy mei fan my bliuwe," seit in frou. "It is in gewoante, ús mem lies 'm eartiids en wy no." In man hat der minder muoite mei: "No ja, jammer dan. Dan lêze wy it nijs wol op de tablet."