Omrin wint saak oer bypass fan ôffaloven yn Harns

07 apr 2021 - 16:30

De ôffaloven REC yn Harns kin de bypass, in opstartlieding foar needgefallen, gewoan brûken bliuwe. De Raad van State hat de beswieren fan omwenners ôfwiisd. Neffens de omwenners hie Omrin gjin fergunning foar de bypass oanfrege, mar neffens de Raad van State is de fergunning yn 2010 wol ôfjûn.

Foto: twitter @afvalovennee

De bypass wurdt brûkt as de temperatuer fan de reekgassen te heech wurdt. De reekgassen wurde dan net mear troch it doekfilter laat om't dy dan te hyt wurde soe en ferbaarne soe. Neffens de omwenners moat der in miljeu-effektrapport makke wurde om't de bypass net fergund wie, mar de Raad van State hat in oare miening.

Neffens omwenners fan de ôffal- en enerzjysintrale by de haven fan Harns hat Omrin de bypass misbrûkt yn 2016 en 2017 om wolken skealike stoffen út te stjitten dêr't gefaarlike dioksines yn sieten.

(Advertinsje)
(Advertinsje)