Kabinet wol jûnsklok fan 21 april ôf skrasse, terrassen dan ek iepen

07 apr 2021 - 16:01

It kabinet wol mei yngong fan 21 april de terrassen wer iepen smite en de jûnsklok opheffe. Dat befêstigje Haachske boarnen nei in berjocht fan RTL Nieuws.

Jongelju op it terras yn Snits - Foto: Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust

De nijste ferrommingen fan de coronamaatregels wurde earst noch wol foarlein oan it Outbreak Management Team (OMT) en binne ek ôfhinklik fan hoe't de besmettingssifers har de kommende wike fierder ûntwikkelje.

It kabinet wol dêrnjonken dat studinten yn it heger ûnderwiis wer fysyk nei kolleezje kinne. Sy moatte dan yn it foar test wurde en har hâlde oan de coronaregels, lykas de oardel meter ôfstân. Mooglik wurdt ek foar winkels mear mooglik, mar dat is noch net wis.

Tiisdei wer parsekonferinsje

Takom tiisdei jouwe demisjonêr premier Mark Rutte en soarchminister Hugo de Jonge wer in parsekonferinsje. Sy komme dan mei in plan om stap foar stap de mienskip wer opnij te iepenjen.

Minister Ferd Grapperhaus prate ek al mei de boargemasters fan it Veiligheidsberaad, ûnder wa Sybrand Buma fan Ljouwert. Nei it oerlis sei Grapperhaus al dat it kabinet wurket oan in iepeningsplan: "Per 20 april kunnen we stappen zetten."

(Advertinsje)
(Advertinsje)