Reedrydster Reina Anema is foarearst skoaljuf ôf en makket oerstap nei Jumbo-Visma

07 apr 2021 - 16:00

Reina Anema fan De Gordyk rydt takom seizoen yn tsjinst fan Jumbo-Visma. De 27-jierrige reedrydster makket de oerstap fan Team Frysk nei de kommersjele ploech fan Jac Orie, dêr't ek Antoinette de Jong en Sven Kramer ûnder kontrakt steane. "Dus dat betsjut dat ik my folslein rjochtsje kin op it sporten, it trainen en it reedriden. Ik hoech my no net mear drok te meitsjen om de rânesaken", seit Anema.

Reedrydster Reina Anema is foarearst skoaljuf ôf en makket oerstap nei Jumbo-Visma

Anema hie by Team Frysk in amateurkontrakt. Earder dit jier wie se noch op syk nei jildsjitters, sadat se har yn it kommende seizoen optimaal tariede koe op de Olympyske Spelen. Dêrneist stie de spesjaliste op de 3.000 en 5.000 meter op ynfalbasis foar de klasse op basisskoallen. Dêr hâldt se no dus mei op. "Ik fyn dat wol jammer, want ik fyn it hiel leuk om foar de klasse te stean. Dat komt wol wer yn de takomst", seit de nûmer trije fan it ôfrûne NK allround.

Telefoan fan Orie

De Friezinne krige twa wiken lyn ynienen in telefoantsje fan suksescoach Jac Orie. "Ik wie hiel ferrast. Dus ik tocht ik nim op en ik hear wol wat hy te fertellen hat", seit Anema. Orie woe Anema graach by syn team hawwe. "Hy tinkt dat ik goed yn it team pas en dat hy my better meitsje kin."

Anema moast lykwols noch wol efkes goed neitinke oar it oanbod fan Jumbo-Visma. "Ik ha no fjouwer jier by Team Frysk sitten. Dêr siet ik sa op myn plak dat it net sa maklik wie om te sizzen ik gean der direkt hinne", seit Anema. "Team Frysk fielde echt as in famylje foar my. Ik siet der echt op myn plak. De bân mei Siep (Hoekstra, har coach, red.) is ek hiel bysûnder. Dus it is wol lestich om dêr ôfskied fan te nimmen."

"Ik fûn dat dus wol dreech, mar dat jout ek wol wer oan wat Team Frysk foar my betsjut. Eins is it in grut komplimint foar Team Frysk dat it foar my sa dreech wie om dy stap te meitsjen. Dat meie se wol yn harren bûse stekke", sa seit Anema.

Foto: Jumbo-Visma

Olympyske Spelen

Om mei noch minder as in jier foar de Olympyske Winterspelen yn Peking noch in stap te meitsjen is fansels ek in risiko, mar bang is Anema net. "Dat is wol hiel spannend om te sjen, wat in oar trainingsprogramma docht. Wat in oare aanpak docht, mar ik bin der net bang foar, oars hie ik de stap net makke", seit Anema, dy't de ôfrûne dagen by al har persoanlike sponsoaren del west hat om se yn te ljochtsjen.

"Ik bin se foaral hiel tankber. Sa bring ik it ek. Ik bin hiel tankber dat se it fertrouwen en leauwen yn my hiene om my te stypjen", seit Anema. "Eins wiene se allegearre wol hiel bliid en grutsk dat ik dizze stap no meitsje."

It folsleine ynterview mei Reina Anema oer har oerstap

(Advertinsje)
(Advertinsje)