Grutte reparaasje oan kearslûs by haven fan Harns

Wetterskip Fryslân lit foar 800.000 euro de kearslûs Sas Harlingen yn Harns opknappe. Nei de foarige renovaasje hast tweintich jier lyn binne de fjouwer stielen slûsdoarren, oandriuwingen en oare ûnderdielen no wer ta oan grut ûnderhâld.
De haven fan Harns © Shutterstock.com (Rudmer Zwerver)
De slûsdoarren wurde derúthelle en nei in bedriuw brocht dat se strielt en skilderet. Fierder wurdt de ynstallaasje reparearre dy't it slyk fuorthellet as de slûsdoarren yn gebrûk binne, want dy wurket net goed mear. As alles neisjoen is, kin de slûs wer tweintich jier mei. It wurk is nei alle gedachten begjin july klear. De totale kosten wurde rûsd op sa'n 800.000 euro.

Gjin feilichheidsrisiko

Der binne gjin feilichheidsrisiko's oan it wurk fan de slûs. It Wetterskip hellet de slûsdoarren bewust bûten it stoarmseizoen derút. De twa doarren dy't yn de slûs sitten bliuwe, kinne it wetter foldwaande keare.