Tryater siket de grinzen op mei nije foarstelling 'Nacht'

07 apr 2021 - 15:24

Wat hâldt minsken wekker yn dizze coronatiid? Dêr giet de nije foarstelling 'Nacht' fan Tryater oer, dy't dizze wike yn premjêre giet. Offisjeel meie der noch gjin foarstellings mei publyk holden wurde, mar dêr hat Tryater wat op betocht. Der komt ien akteur by de minsken thús, by de foardoar, foar in monolooch. Yn it foar krije minsken in koarte film te sjen mei tsien personaazjes. Ien fan de akteurs út de film komt dêrnei op besite, en wa't dat is, is in ferrassing.

Tryater siket de grinzen op mei stik Nacht

Ien fan de regisseurs is Sjoeke-Marije Wallendal. Se is bliid dat se trochset hawwe en in nij konsept betocht hawwe om dochs echt live wat te spyljen. "Der komt ien akteur fan ús op besite en dêrfoar hat in hiel online diel om alfêst yn de stimming te kommen. De 'kers op de taart' is dochs wol dat der echt live ien by de doar komt."

Yntym

Mattheus Douwes is ien fan de akteurs en hy spilet de rol fan in pizzabesoarger. Hy fynt it in bysûndere foarstelling om oan mei te wurkjen. "It is hiel yntym, krijst echt kontakt mei de minsken." Want hy spilet in rol, mar giet sa no en dan ek yn petear mei de minsken. It is bytiden bêst in útdaging om in goede balâns tusken de rol en in echt petear te finen. "Der komt in stikje rezjy by te sjen, want moatst wol liede wêr't it hinne giet en moatst dysels net kwytreitsje yn de ynteraksjemominten."

Ferslachjouwer Wendy Kennedy by de famylje Dicke yn Ljouwert

'Nacht' wurdt oant en mei 1 maaie spile yn Fryslân.

(Advertinsje)
(Advertinsje)