Tal coronabesmettingen yn Fryslân en lanlik wer ûnder trochsneed

07 apr 2021 - 15:19

Yn de ôfrûne 24 oeren binne der 200 nije coronabesmettingen by kaam yn Fryslân, hat it RIVM witte litten. It binne trije minder as tiisdei, doe gie it om 203 nije besmettingen. De ôfrûne wike binne der yn trochsneed alle dagen 223 nije besmettingen by kaam.

It deistige tal besmettingen fan de lêste trije wiken (komt de grafyk net goed yn byld, klik dan hjir):

De measte nije besmettingen binne meld yn de gemeente Súdwest-Fryslân (47). Dêrnei komt Ljouwert mei 35.

Yn Fryslân is yn de ôfrûne 24 oeren ien stjergefal meld as gefolch fan it coronafirus. Dat giet om in ynwenner fan Dantumadiel.

Der wiene trije nije sikehûsopnamen yn ús provinsje, dat giet om ynwenners fan Noardeast-Fryslân, Hearrenfean en Dantumadiel.

It tal besmettingen de gemeente (sjochst de kaart net goed, klik dan hjir):

Lanlike sifers

Lanlik binne 6.409 nije coronagefallen registrearre. Yn trochsneed wiene it der yn de ôfrûne wike 6.701 op in dei.

Sjoch foar mear sifers oer it coronafirus op omropfryslan.nl/corona.

Trefwurden: 
RIVM coronafirus besmettingen
(Advertinsje)
(Advertinsje)