D66 en PvdA stelle Keamerfragen oer ferliezen konteners: "Minister hie aksje nimme moatten"

Ferskate partijen jouwe oan mei spoed Keamerfragen te stellen oer it nije kontenerdrama, wêrby't de Baltic Tern fiif konteners ferlern hat yn de Noardsee. D66 en de Partij van de Arbeid binne flink kritysk op minister Cora van Nieuwenhuizen fan Ynfrastruktuer en Wettersteat. Neffens de fraksjes hie de minister al folle earder aksje ûndernimme moatten. De strekking: dit hie net wer barre moatten.
Minister Cora van Nieuwenhuizen © ANP
De Partij van de Arbeid hat al in list mei Keamerfragen opsteld. It Fryske PvdA-Keamerlid Habtamu de Hoop en syn kollega Gijs van Dijk (fan Teksel) wolle dat de minister Cora van Nieuwenhuizen fuortendaalks yn aksje komt. "De Kamer waarschuwt sinds de ramp met MSC Zoe, kustwacht trok aan de bel, OVV schreef het in op een stevig rapport. Minister van Nieuwenhuizen deed wederom niets," skriuwt De Hoop op Twitter.
Van Dijk neamt it 'schandalig' dat de minister noch neat dien hat: "De Kamer waarschuwt sinds de ramp met MSC Zoe, kustwacht trok aan de bel, OVV schreef het in op een stevig rapport."

PvdA: jou Kustwacht foech ta yngripen

De PvdA wol witte hokker rûte de Baltic Tern krekt naam hat en oft de kapitein in advys fan de Kustwacht negearre hat. Ek yn grutter perspektyf wol de partij witte hoefolle skippen de ôfrûne tiid de súdlike rûte naam hawwe en dus net harke hawwe nei it advys fan de Kustwacht.
Minister Van Nieuwenhuizen hat earder tasein om yn 'e mande mei Dútslân en Denemarken mear te dwaan oan restriksjes. Mar neffens de PvdA lit it ferlies fan de konteners sjen dat it probleem net wachtsje kin op oerlis mei oare lannen of de Internationale Maritieme Organisatie. De Kustwacht soe neffens de partij mear foech krije moatte om yn te gripen.

Kontakt mei Waadboargemasters

Fierder wolle De Hoop en Van Dijk ek witte oft it regear al kontakt lein hat mei de boargemasters fan de Waadeilannen, sa't der aksje ûndernaam wurde kin as der guod oanspielt op de eilannen.

D66: "Dit mocht nea wer barre"

Ek binnen D66 binne se dwaande om fragen op te stellen. "Dit mocht nooit meer gebeuren na de ramp met de MSC Zoë," lit D66-Keamerlid Tjeerd de Groot witte. "Waarvoor voert het ministerie van Infrastructuur en Waterstaat de motie van D66 niet uit om bij storm de scheepvaart te beperken?"
De spoedfragen fan D66 binne op dit stuit noch net iepenbier makke.