Leechstânswet T'diel oanpast

19 jul 2012 - 16:55

Huzebesitters yn Tytsjerksteradiel kinne har wenning dy't te keap stiet tydlik ferhiere. De gemeente hat besletten de saneamde Leechstânswet ta te passen. Op dizze wize wurdt it makliker om foar in bepaalde perioade twa wenningen te eksploitearjen.

In oar grut foardiel is dat it hierkontrakt rap ûntbûn wurde kin, sadra't de wenning ferkocht wurdt. De ferhierder hoecht gjin rekken te hâlden mei it hierbeskermingsrjocht. In hieroerienkomst mei maksimaal fiif jier duorje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)