Betonpriis Fryske bedriuwen

Slusdoarren © Omrop Fryslân
Twa Fryske bedriuwen ha mei de bou fan in slûs yn Amsterdam de 'betonpriis' wûn. Dat is in priis dy't ien kear yn de twa jier útrikt wurdt en yn de brânzje heech oanskreaun stiet. It giet om in projekt fan de susterbedriuwen Schuurmans Betonbouw en De Boer en de Groot Civiele Werken yn Harns.
Opfallend oan it ûntwerp en útfiering fan de slûs is dat de doarren fan beton binne, wylst se normaal fan hout of stiel makke wurde. Dat besparret flink yn de kosten. De betonnen slûsdoarren binne de earste yn har soart op de wrâld.