Buma fernuvere: 'Gjin oerlis mei gemeenten oer testeveneminten'

07 apr 2021 - 14:26

Dat der 22 testeveneminten yn Fryslân komme, is in moaie stap, mar de kommunikaasje dêroer tusken it Ryk en de gemeenten hie wol better kind. Dat seit boargemaster Sybrand Buma fan Ljouwert. "Daar ben ik best wel verbaasd over." Syn gemeente treft it, want der binne ûnder oare eveneminten yn De Harmonie, Neushoorn, Fries Museum én yn it Cambuurstadion.

Foto: Omrop Fryslân, Aise van Beets

Hoe't de list mei testeveneminten ta stân kaam is, is Buma net dúdlik. "Het departement heeft gekeken wat verstandig is verdeeld over het land en heeft met sommige instellingen overlegd of het kon. Maar daar zijn de gemeenten niet bij betrokken geweest en daar ben ik best wel verbaasd over."

It fernuveret Buma ek dat soartgelike eveneminten yn de iene gemeente wol trochgean meie, wylst dat yn de oare gemeente net it gefal is. "Ik heb daar vragen bij." Dat de gemeenten hjiryn passearre wurde, is neffens Buma akseptabel om't der in mienskiplik doel is: "zo snel mogelijk Nederland weer open krijgen."

Eventueel kampioenskip Cambuur

By de wedstriid tusken SC Cambuur en De Graafschap op 30 april meie 'mar' 1.350 taskôgers oanwêzich wêze. Dat soarge foar teloarstelling by sawol de stêf as supporters. Hoe't dat oantal ta stân kaam is, kin Buma likegoed net sizze. "De beslissing is helemaal gemaakt door Den Haag, ik denk samen met de KNVB. Waarom het er 1.350 zijn en het verschilt per wedstrijd, is een beslissing die daar is genomen en niet iets waar gemeenten een rol in speelden."

De kâns bestiet Cambuur kampioen wurdt en as dat bart, sille fans dat fiere wolle. "Wij zijn op dit moment met Cambuur in overleg over mogelijke promotie", leit Buma út. "Het punt blijft dat we eind april nog wel in die derde golf zitten en dus in een risicovolle tijd. De mogelijkheden zijn heel beperkt. Een massabijeenkomst is in deze tijd helaas niet mogelijk."

Letter mear eveneminten

De Ljouwerter boargemaster wiist derop dat it no noch mar om in beheind tal eveneminten giet, mar dat der yn maaie folle mear mooglik is. "Dit is een korte testfase. In mei wordt het veel breder aangepakt. Dus het is nu kijken of het organisatorisch kan, om zo snel mogelijk verder te gaan."

Buma tinkt yn elts gefal dat de jûnsklok de earste maatregel is dy't skrast wurdt sadree't de maatskippij wer wat iepengiet. Hy makket him soargen oer twa groepen yn it bysûnder: jongerein yn it ûnderwiis en ûndernimmers. "Dat zijn sectoren waar er stappen moeten worden gezet om hen ten goede te komen."

Boargemaster Sybrand Buma

(Advertinsje)
(Advertinsje)