Skip ferliest fiif konteners boppe It Amelân, fleantúch Kustwacht fynt twa

07 apr 2021 - 14:43

In kontenerskip hat woansdeitemoarn fiif konteners ferlern yn de Noardsee. De 170 meter lange 'Baltic Tern' fear sa'n 27 kilometer noardlik fan It Amelân, nei alle gedachten yn de súdlike farrûte. Twa konteners binne yntusken werom fûn, dy driuwe op see. Twa konteners stean op it stuit noch wankel op it skip, meldt de Kustwacht.

De Baltic Tern - Foto: Kustwacht

Yn trije konteners sit drûch guod, ien kontener is leech en yn ien kontener sit aseton. It skip, dat fart ûnder de flagge fan Syprus, wie ûnderweis fan Sint Petersburg yn Ruslân nei Rotterdam. "De kapitein heeft zelf een melding bij ons gedaan", seit Denice Blok fan de Kustwacht.

Hoefolle konteners it skip yn totaal ferfiert, is net dúdlik. "We zijn bezig met het opstellen van een lijst." It skip hat in totale kapasiteit fan 1.600 konteners.

Twa konteners lokalisearre

It Kustwachtfleantúch is op lokaasje om de situaasje op te nimmen. Yntusken binne der twa konteners lokalisearre, wêrfan ien tanktainer. Dy driuwe op see. De bemanning fan it skip is dwaande mei it fêstsetten fan ien fan de twa skowende konteners op it skip. De oare kontener stiet noch wankel.

Denice Blok fan de Kustwacht

De Baltic Tern - Foto: Kustwacht

De skipfeart wurdt ynformearre oer de konteners. It is ûnbekend oft de konteners oanspiele sille op lân. De Kustwacht docht op it stuit berekkenings foar de mooglike senario's.

MSC Zoe

Dat de Baltic Tern konteners ferliest, docht fuortendaalks tinken oan de ramp mei de MSC Zoe, ien fan de grutste kontenerskippen yn 'e wrâld. Dat ferlear yn de nacht fan 1 op 2 jannewaris 2019 hûnderten konteners boppe it Dútske eilân Borkum. Troch de hurde wyn dreaune dy konteners nei de Fryske Waadeilannen. In soad guod út de konteners spielde dêr oan, wat in ekologyske ramp ta gefolch hie.

Ofrûne tiisdei kaam der ek al in skip yn de problemen op de Noardsee. It kontenerskip Escape fear rûntsjes trochdat der wat mis wie mei it roer. De Kustwacht hat dat skip nei in feilige posysje sleept. Dat skip hat gjin konteners ferlern.

Tiisdei wie der ek in grut kontenerskip dat dochs wer de súdlike rûte boppe de Waadeilannen del naam, wylst dat mei it stoarmige waar tige gefaarlik is. De Waadferiening sei him der al soargen oer te meitsjen dat in nij drama mei in kontenerskip net foar te kommen is.

Foto: Marine Traffic

"Het is elke keer weer schrikken als dit soort situaties er zijn. Dit zou niet moeten gebeuren", seit boargemaster Leo Pieter Stoel fan It Amelân yn in reaksje. "Het blijkt nog steeds dat de wijze waarop die containers gesjord zijn op zulke schepen dat die niet sterk genoeg is voor dergelijke situaties. Dat containers van schepen af kunnen vallen en dat mag natuurlijk niet. Op het moment dat die schepen vlak boven de Waddeneilanden varen, houden we ons hart vast. Containers in zee zijn gevaarlijk."

It is net dúdlik oft it skip de noardlike of de súdlike farrûte folge. Dit skip leit op 17 myl noardlik fan It Amelân, dat soe de súdlike rûte wêze kinne. "Hele grote schepen worden geadviseerd om de noordelijke route te nemen. Dit schip is met 169 meter wel kleiner dan de MSC Zoe."

Frustrearjend

De boargemaster fynt it frustrearjend dat soks noch hieltyd barre kin. "De minister zou het inbrengen in het internationaal maritiem overleg, dat gaat over de regelgeving van de scheepvaart, zodat er aan de sjorringen en stabiliteit van de schepen eisen worden gesteld en dat er meer invloed kan worden uitgeoefend op de vaarroutes. Nu geeft men een advies en daarmee blijft het risico dat kapiteins andere beslissingen nemen en een onnodig risico nemen."

No is it foaral wachtsjen wêr't de konteners oanspiele. "Is dat Ameland of Schiermonnikoog of gaan ze nog meer naar het oosten. Dat is niet zeker. En als ze aan wal raken zullen we de containers veilig stellen zodat de inhoud zo min mogelijk schade kan aanbrengen. In één zit aceton en dat is geen fijn spul, dat wil je niet in de natuur hebben."

Boargemaster Leo Pieter Stoel

(Advertinsje)
(Advertinsje)