MCL docht mei oan lanlik ûndersyk nei alzheimer

It Ljouwerter sikehûs MCL docht mei oan lanlik ûndersyk nei de sykte fan Alzheimer. Yn it projekt ABOARD (A personalized medicine approach for Alzheimer's disease) wurkje sikehûzen, fersekerders en bedriuwen gear om ta te rieden op in takomst dat de sykte te stopjen is foar't dy begjint.
© Omrop Fryslân, Jitze de Vries
Dat kin troch ferbettere diagnostyk, ûntwikkeljen fan risikoprofilen op maat en fokus op previnsje. Demintens is de meast foarkommende deadsoarsaak yn Nederlân. It wurdt foar in grut part feroarsake troch de sykte fan Alzheimer dêr't gjin medisyn foar is.
"Onderzoek heeft aangetoond dat alzheimer zich ontwikkelt gedurende een periode van twintig tot dertig jaar. En daar ligt de sleutel. Ingrijpen voordat de ziekte zich openbaart. We moeten mensen bereiken die het risico lopen om de ziekte te krijgen", seit Wiesje van der Flier fan ABOARD.
"Daarom willen we het bewustzijn rondom alzheimer bij een groot publiek vergroten. Ook zetten we de benodigde stappen naar een toekomst waarin behandeling op maat mogelijk is. Kennis delen over hoe je je hersengezondheid kunt versterken en mensen met alzheimer kunt ondersteunen is ook een onderdeel van dit project."
By it MCL binne klinysk geriater Liesbeth Hempenius en neurolooch Niek Verwey by it ûndersyk belutsen. It projekt makket diel út fan de Nationale Dementiestrategie 2021-2030 fan it ministearje fan VWS.