Dit binne de testeveneminten yn Fryslân de kommende moanne

07 apr 2021 - 10:42

Wa't yn Ljouwert wennet, treft it, as je sjogge nei wêr't de testeveneminten fan it Ryk holden wurde. Fan de 21 testeveneminten yn ús provinsje is fierwei it grutste part yn de Fryske haadstêd. Bygelyks museumhûs Van Eysinga en it Fries Museum, mar ek foarstellingen yn De Harmonie en Neushoorn.

Poppoadium Neushoorn yn Ljouwert - Foto: Omrop Fryslân

It programma yn De Harmonie is al bekend: dêr komme Ellen ten Damme, Peter Pannekoek en OG3NE del. "We kunnen niet wachten om de deuren weer te openen", seit direkteur Marijke van der Woude.

Mar ek op It Hearrenfean stiet der wat te gebeuren. Sportklup Hearrenfean spilet foar twatûzen taskôgers thús tsjin PEC Zwolle. En ferline wike wie al bekend dat reedrydbûn KNSB in evenemint hâldt foar hûndert jonge inline-skaters yn Sportstad Heerenveen.

Earst negatyf teste, dan hinne

Minsken dy't in tagongsbewiis ha wolle foar ien fan de eveneminten dêr't publyk talitten wurdt, moatte har by in spesjale teststrjitte teste litte op it coronafirus. De testôfspraak kin makke wurde op de webside testenvoortoegang.nl. De test moat binnen 40 oeren foar it evenemint ôfnaam wurde. Dat is fergees. In útslach fan de GGD is net jildich, en de útslach fan in thústest ek net.

It is de bedoeling om by de eveneminten coronatestbewizen te testen. Dielnimmers moatte fantefoaren in saneamde PCR-test dwaan litte. De útslach krije se op de mail, en dêrnei kinne se in testbewiis oanfreegje. Allinne as se dat by de yngong scanne litte, kinne se tagong krije ta it evenemint. De ûndersikers wolle útfine oft alles goed wurket.

By it Van Eysingahûs en LDODK binne se der wiis mei:

Ien fan de testeveneminten is it iepenstellen fan it monumintale Eysingahuis yn Ljouwert. Dêr is de organisaasje wakker wiis mei. Femke Feddema: "We zijn al sinds 15 december gesloten. We zijn ontzettend blij dat we dankzij Stichting Open Nederland aankomend weekend drie dagen mogen openen voor publiek, al is het met bepaalde voorwaarden."

Besikers moatte njonken in ticket dus ek in coronatest keapje. "Voor de potentiële bezoeker is het wel een vervelend dingetje, maar het is wel een stapje dichterbij. Wij hopen dat we dit ook niet voor altijd hoeven doen, maar voorlopig zijn we er nog niet vanaf," seit Feddema.

Oersjoch testeveneminten yn Fryslân

Datum Minsken Wat Wêr
9 april 72 Iepen monuminten Museumhûs Van Eysinga, Ljouwert
10 april 72 Iepen monuminten Museumhûs Van Eysinga, Ljouwert
11 april 48 Iepen monuminten Museumhûs Van Eysinga, Ljouwert
13 april 186 Ellen ten Damme De Harmonie, Ljouwert
14 april 186 Peter Pannekoek De Harmonie, Ljouwert
15 april 186 OG3NE De Harmonie, Ljouwert
17 april 100 Breedtesport: Skeelerjen Sportstad Heerenveen
19 april 250 Iepen monuminten Fries Museum, Ljouwert
19 april 125 Iepen monuminten Jopie Huismanmuseum, Warkum
20 april 250 Iepen monuminten Fries Museum, Ljouwert
20 april 125 Iepen monuminten Jopie Huismanmuseum, Warkum
21 april 250 Iepen monuminten Fries Museum, Ljouwert
21 april 125 Iepen monuminten Jopie Huismanmuseum, Warkum
24 april 400 Kuiertocht Waadhoeke
24 april 120 Kuorbaltoernoai De Gordyk
24 april 2.000 Hearrenfean - PEC Zwolle Abe Lenstra Stadion, It Hearrenfean
25 april 555 Kasino Holland Casino, Ljouwert
25 april 102 Lakshmi Neushoorn, Ljouwert
26 april 102 Paceshifters Neushoorn, Ljouwert
27 april 102 Kevin Neushoorn, Ljouwert
30 april 1.350 Cambuur - De Graafschap Cambuurstadion, Ljouwert
(Advertinsje)
(Advertinsje)