"Herbouw oké, hoogbouw nee": ferset tsjin nijbou âldereintehûs yn Harns

07 apr 2021 - 10:01

"Herbouw oké, hoogbouw nee": dy tekst is te lêzen op buorden oan de Midlumerlaan yn Harns. Omwenners binne it net iens mei de nijbou fan it âldereintehûs oan it Van Harnixmakanaal. De bewenners fan de Midlumerlaan hawwe soargen oer de bouhichte en harren privacy. "Er komt straks een groot complex met vijf verdiepingen in mijn tuin", seit Matthieu van Berkel. "Ons uitzicht en de privacy is compleet weg straks."

Unfrede oer heechbou yn Harns:

"Kijk, hier heb je het bord hangen", begjint Van Berkel syn ferhaal. Syn bern boartsje yn de beam dêr't it boerd oan fêstmakke is. It wyt mei swarte plakkaat moat sjen litte dat Van Berkel it net iens is mei de plannen fan wensintrum Almenum. "Achter ons huis staat een seniorenwooncomplex, Almenum. Dat wordt verbouwd en daar zijn wij het mee eens."

It probleem is neffens Van Berkel dat omwenners it net iens binne mei de stêdeboukundige ferkenning. "Een hoop buurtbewoners hebben daar moeite mee, omdat het groot en hoog is, hoger dan we verwacht hadden." Op it plak dêr't no in gebou mei ien ferdjipping stiet, komt aanst in gebou mei fiif ferdjippings.

"Dat is een wezenlijk andere situatie", ferklearret Van Berkel. De bewenners fan it âldereintehûs sjogge aanst by Van Berkel en syn buertgenoaten nei binnen ta, fertelt er, wylst sy tsjin in muorre oansjogge. "Dit is een inbreuk op ons woongenot."

Matthieu van Berkel by it protestboerd - Foto: Omrop Fryslân, Willem Vermeltfoort
Protestbuorden yn Harns - Foto: Omrop Fryslân, Willem Vermeltfoort

It is noch net sa fier dat de plannen definityf trochgean en dus hopet Van Berkel yn kontakt te kommen mei de gemeente. Hy wol graach yn petear. "Dat contact loopt ook altijd goed hoor, maar we zijn nu verrast met een compleet nieuw plan."

Oerlis

"Er gaan in de omgeving zaken veranderen, dus ik snap dat gevoel bij de omwonenden wel", wethâlder Erik de Groot. "De huidige woontoren is hoger dan 20 meter met een combinatie van laagbouw op het terrein en dat wordt nu wel anders. De totale hoogte wordt lager, 15 meter. Doordat het ene lager wordt, krijg je variatie over het terrein, waardoor er op onderdelen blokken hoger worden dan dat ze nu zijn."

Ferslachjouwer Willem Vermeltfoort yn Harns

Yn de ôfrûne perioade hat in soad oerlis west mei bewenners fan Almenum en omwenners. "Het uiteindelijke resultaat is een compromis van alle op- en aanmerkingen. Er is rekening gehouden met de input van de bewoners van de Midlumerlaan en dat er niet direct achter hun woningen een vijflaags gebouw komt, maar zo dicht mogelijk bij het kanaal." Fan de 162 wenningen komme der 155 werom. "Het wordt iets kleiner en anders verdeeld over het terrein."

De wethâlder sjocht foar himsels yn it ferfolchtrajekt in rol as foarsitter om mei elkoar fierder te kommen. "We hebben de bewoners uitgenodigd voor een gesprek naar aanleiding van hun laatste brief om toch weer met elkaar te praten. We hebben aangegeven dat we in de uitwerking nadrukkelijk dit samen met de partijen willen doen. Het is voor ons ook van belang dat het een mooi samenhangend geheel wordt waar iedereen blij wordt. Maar ik kan niet iedere wens honoreren. Wel willen we maximaal de ruimte zoeken voor de privacy van de bewoners van de Midlumerlaan en Almenum."

Wethâlder Erik de Groot

(Advertinsje)
(Advertinsje)