Klopjacht op dieven

19 jul 2012 - 16:09

Tsientallen plysjes binne yn de Noardeastpolder mei hûnen en helikopters dwaande om dieven oan te hâlden dy't earder op it Hearrenfean besocht hawwe om in klûs te stellen. De dieven besochten de klûs út in wenning mei te nimmen mar waarden troch in buorman sjoen. Dêrnei naaiden se gau út mei in blauwe BMW.

De plysje waard warskôge. Nei in wylde efterfolging op de A6 rekke de plysje de auto kwyt. Letter waard dizze auto leech werom fûn yn in reitkraach by Bant. Ien fertochte is fûn en oanhâlden. Nei de oare fertochten wurdt noch socht.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)