FNP'er Sybren Posthumus ferlit de Fryske Steaten

Steatelid Sybren Posthumus fan de FNP hâldt nei goed tsien jier op as Steatelid. Hy hat in tal nije útdagingen fûn, seit er. Gerben van der Mei fan Tsjummearum folget Posthumus op yn de Fryske Steaten.
Sybren Posthumus yn It Polytburo © Omrop Fryslân
Posthumus begûn yn maart 2011 as Steatelid. Dêrfoar wie er al in skoft stipefraksjelid fan de FNP. Ek op oare mêden wie hy lang aktyf foar de FNP. Sa wie er fan 2002 oant 2007 riedslid yn Ljouwert. Yn de Steaten wie Posthumus de spesjalist Finânsjes, Ekonomy, Rekreaasje en Toerisme. As Steatelid siet er ek fjouwer jier yn it algemien bestjoer fan Tresoar.
Wat Posthumus no krekt dwaan sil, wit er noch net hielendal. "Ik ha earder ûndernimmer west, miskien pak ik dat wol wer op. Ik ha noait sa benaud west dat ik my ferfele soe. Der binne wol wat ideeën, ek wol wat kontakten." Mar hielendal konkreet is it dus noch net.
Posthumus hat hast 20 jier yn de polityk sitten. "By al it wurk dat ik dêrfoar die, wie ik nei in pear jier wol wer ta oan wat nijs. Yn dit gefal ha ik mear as tsien jier Steatelid west. Op in gegeven momint hat it moai west." It momint dat Posthumus keazen hat, is ek taktysk. "It is no noch in flinke tiid oant de ferkiezingen. Je moatte ek romte jaan oan nije minsken." Yn it gefal fan de FNP is Van der Mei dy nije persoan. "Hy is ek fiskaal jurist, dus hy kin myn taken moai ien op ien oernimme. Dat slút hiel moai op elkoar oan."

Knol loovjend oer Posthumus

Fraksjefoarsitter Sijbe Knol fynt it spitich dat Posthumus dermei ophâldt. Hy begrypt de persoanlike kar wol: "Alle respekt foar Sybren syn krewearjen. Hy hat foar de FNP in geweldich soad út de wei set."
Njonken syn politike wurk yn Fryslân wie Posthumus benammen ek aktyf as Europawurdfierder fan de FNP. "Hy wie ek 15 jier foar ús EFA-fraksje yn it Europeesk Parlemint, as bestjoerslid fan de EFA, ús skeakel mei Brussel", seit Knol. "Ik kin my skoan begripe dat jo nei sa'n lang skoft yn de aktive polityk sykje om wat nijs. Wy winskje Sybren alle sukses fierder. Bliid ek dat Gerben van der Mei as finansjeel spesjalist ree is om Sybren syn portefúlje yn syn hiele hear en fear oer te nimmen."
De wikseling fan de wacht fynt plak yn de Steategearkomste fan 21 april.
Sybren Posthumus oer syn ôfskied