Ard de Graaf bliid mei Cambuur as testevenemint: "Opmaat naar de toekomst"

07 apr 2021 - 09:33

De kâns dat Cambuur de kampioenswedstriid mei publyk spilet, is tiisdei wer wat grutter wurden. Ien fan de testeveneminten dêr't de kommende wiken publyk by wêze mei, is de wedstriid Cambuur - De Graafschap op 30 april. "Het is heel fijn dat er weer publiek bij mag", seit Cambuur-direkteur Ard de Graaf. "Het biedt perspectief voor de toekomst."

Foto: Omrop Fryslân

De taskôgers by de wedstriid moatte wol in negative coronatest sjen litte kinne. Der meie 1.350 minsken by wêze en dat is dochs wat minder as dêr't in soad Cambuurfans op hope hienen, seit De Graaf. "Het is wel teleurstellend weinig. Maar het is een begin, er mogen weer mensen bij."

Cambuur en De Graafschap binne de nûmers ien en twa yn de Earste Difyzje. De kâns is dus grut dat der dan noch wat op it spul stiet. "Dat is op basis van de huidige stand", ferfolget De Graaf. "Er moeten daartussen nog drie wedstrijden gespeeld worden, dus er kan nog van alles gebeuren."

Selektearje wa't nei binnen ta mei

As Cambuur echt de finale hellet, sil de fuotbalklup selektearje moatte hokker supporters der by de einwedstriid nei binnen ta meie. "Dat wordt een onmogelijk opgave. We gaan er een plan voor maken, maar dat het een teleurstelling wordt voor heel veel mensen is duidelijk", seit De Graaf.

De direkteur wiist der lykwols op dat fans harren seinings telle moatte: "Er mogen weer mensen naar de wedstrijden. Dit is een opmaat naar en perspectief voor de toekomst. Die boodschap moeten we er ook uithalen. Dat moet ergens beginnen."

"Informatievoorziening summier"

De Ljouwerter klup hat al ûnderfining mei publyk: yn augustus spile Cambuur in wedstriid tsjin PEC Zwolle, dêr't mear as tûzen taskôgers by oanwêzich wiene. Ein febrewaris wiene der 1.350 supporters by de útwedstriid tsjin Almere.

Dat ferrûn goed, dus De Graaf begrypt net wêrom't der no net mear taskôgers tastien binne. "De informatievoorziening is wat summier, dus ik hoop daar de komende dagen meer over te horen."

Direkteur Ard de Graaf fan SC Cambuur

(Advertinsje)
(Advertinsje)