Ofslútdyk rjochting Fryslân ticht troch steuring

07 apr 2021 - 09:22

Troch in steuring oan de brêge by Koarnwertersân is de Ofslutdyk rjochting Fryslân ticht. De slachbomen fan de súdlike draaibrêge wolle troch steuring net mear omheech. Alle ferkear yn 'e rjochting fan Fryslân wurdt fia de noardlike draaibrêge laat.

De draaibrêge by Koarnwertersân - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

Der wurdt gebrûk makke fan it saneamde 2.0-systeem, wêrby't it ferkear út beide rjochtingen yn gefal fan steuring oer ien brêge laat wurdt. In monteur is oanwêzich om de steuring te ferhelpen. Ek Rykswettersteat is oanwêzich. Earder woansdeitemoarn stie der noch in pear kilometer file, mar dy is yntusken oplost.

Trefwurden: 
Ofslútdyk file steuring
(Advertinsje)
(Advertinsje)