Yn Bitgum en omkriten mei ynkoarten wer yn grutte groepen kuiere wurde

07 apr 2021 - 07:42

De 'Roeken en Katten'-kuiertocht yn de gemeente Waadhoeke is ien fan de proefeveneminten dy't de kommende tiid yn it hiele lân holden wurde, om te sjen oft negative coronatestbewizen tagong ta eveneminten mooglik meitsje kinne. De kuiertocht, dy't pland stiet foar 24 april, docht dit jier lykwols net it doarp Ried oan en wurdt dêrom in 'Roeken'-kuiertocht.

Foto: Google Street View

Bitgumers wurde 'roeken' neamd en 'katten' binne minsken út Ried. De tocht wurdt dan ek yn dy omjouwing holden. De rûte is dit kear lykwols oars as foargeande jierren: Ried wurdt oerslein yn ferbân mei coronafeiligens. De kuiertocht wurdt organisearre troch Friesland Beweegt.

"Er zijn twee routes in de tocht. De ene route is 27 kilometer met twee lussen", fertelt Ben Bloemink fan de organisaasje. Dy giet ûnder mear troch de doarpen Bitgummole, Bitgum, Berltsum, Ingelum en Marsum. "De andere route is tien kilometer." Dy giet troch Bitgummole, Ingelum, Marsum en Bitgum. Beide rûtes sette ôf yn mienskipssintrum De Molewjuk yn Bitgummole.

Twa kuiertochten

It ministearje fan Folkssûnens, Wolwêzen en Sport hat it lanlik kuierbûn frege om proefsportaktiviteiten te organisearjen. Der komme twa kuiertochten: dy yn Fryslân op 24 april en in dei letter ien yn Noard-Brabân. "Een fysieke wandeltocht maakt hopelijk veel meer mogelijk voor andere sporten in de nabije toekomst om ook door te kunnen gaan", seit Bloemink. "Het is fantastisch dat het kan en daarom werken we er graag aan mee."

Negative coronatest

Dielnimmers moatte yn it foar in negative coronatest foarlizze. "Die kun je op een papier of met een app meenemen en die scannen we dan bij de entree van de wandeltocht. Daarnaast blijven de andere basisvoorwaarden gelden."

Bloemink doelt dêrby op it hâlden fan foldwaande ôfstân tusken minsken, it dragen fan mûlkapkes yn binnenromten en it desynfektearjen fan de hannen. "Je weet van elkaar dat je negatief getest bent, zowel de vrijwilligers als de wandelaars, dus je kunt veel meer doen met elkaar."

Ben Bloemink fan de 'Roeken en Katten'-kuiertocht

Spesjale teststrjitte

Yn totaal wurde der yn Nederlân 400 proefeveneminten hâlden, wêrfan 22 yn Fryslân. It giet dêrby om sport- en kulturele eveneminten, mar ek om eveneminten by Holland Casino en Monkey Town yn Ljouwert.

Minsken dy't in tagongsbewiis ha wolle foar de eveneminten, moatte har by in spesjale teststrjitte teste litte op it coronafirus. De testôfspraak kin makke wurde op de webside testenvoortoegang.nl. De test moat binnen 40 oeren foar it evenemint ôfnaam wurde. Dat is fergees. In útslach fan de GGD en in thústest binne net jildich.

(Advertinsje)
(Advertinsje)