Skerpe stiging yn oantal bedriuwsopheffings yn noard-Fryslân

07 apr 2021 - 07:01

Yn it noarden fan Fryslân waarden yn 2020 tritich persint mear bedriuwen opheft as yn it jier derfoar. Dêrmei komt de regio yn de top tsien fan swierst troffen regio's fan Nederlân, sa docht bliken út sifers fan it Centraal Bureau voor de Statistiek (CBS).

Yn 2019 waarden yn dit gebiet, dêr't de gemeenten Ljouwert, Waadhoeke, Skiermûntseach, Tytsjerksteradiel, Amelân, Achtkarspelen, Harns, Dantumadiel, Noardeast-Fryslân, Skylge en Flylân ûnder falle, 1.450 bedriuwsfêstigings sletten. Yn 2020 wiene dat der leafst 1.900.

Saaklike tsjinstferliening

De grutte ferantwurdlike foar de stiging yn it oantal opheffings is de saaklike tsjinstferliening. Yn 39 fan de 40 Nederlânske regio's binne yn dy bedriuwstûke de measte bedriuwen opheft. Allinnich yn de regio Delfzijl en omjouwing yn Grinslân is de stiging yn it oantal opheffings it grutst yn hannel, ferfier en hoareka.

Posityf saldo

Nettsjinsteande de grutte stiging yn it oantal bedriuwsopheffings wiene der ein 2020 mear bedriuwen yn Fryslân fêstige as oan de ein fan it jier derfoar, ek yn it noardlik part fan de provinsje. Der waarden dus noch hieltyd mear fêstigings iepene as opheft. Yn 2020 waarden der yn totaal 3.915 bedriuwen opheft en 5.035 bedriuwen oprjochte.

(Advertinsje)
(Advertinsje)