Kustwacht sleept stjoerleas kontenerskip by Flylân nei feilige posysje

De Kustwacht bringt it kontenerskip dat sûnt tiisdeitejûn stjoerleas boppe Flylân fear nei in feilige posysje. It skip fear sûnt 21.00 oere rûntsjes trochdat der wat mis wie mei it roer.
© ANP
De Kustwacht hie de needhelpsleper Guardian der nei ta stjoerd en melde om 2.20 oere hinne dat dy in sleepferbining mei it kontenerskip makke hie. De Guardian sil it skip nei in feilige posysje slepe.
It kontenerskip wie ûnderweis fan Rotterdam nei Helsinki. In oare boat fan de Kustwacht bringt de Escape wer nei Rotterdam ta. "De Guardian is onze noodsleepboot. We vinden het fijn om die weer beschikbaar te hebben voor noodgevallen. Nu wachten we tot het weer iets beter is, dan zal de Multratug 29 het containerschip naar Rotterdam slepen", seit in wurdfierder.
Neffens de wurdfierder wurket de motor fan it kontenerskip noch wol. De oarsaak fan it defekt is noch net bekend. It skip hat gjin konteners ferlern.